Madeleine Stowe
akteur
Madeleine Stowe yn 2008.
Madeleine Stowe yn 2008.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeMadeleine Marie Stowe Mora
nasjonaliteit Amerikaansk
berne18 augustus 1958
berteplakLos Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Kostarikaansk
Dútsk
jierren aktyf1978 – no
prizenGolden Globe 1994
offisjele webside
www.madeleineonline.com

Madeleine Stowe (folút: Madeleine Marie Stowe Mora; Los Angeles, 18 augustus 1958), is in Amerikaansk film- en tillefyzje-aktrise. Se is it bekendst wurden troch har rollen yn 'e films Stakeout, The Last of the Mohicans, Blink, Bad Girls, 12 Monkeys en The General's Daughter. Yn 1994 wûn se in Golden Globe foar har rol yn 'e film Short Cuts. Op 'e tillefyzje spile Stowe û.m. yn 'e searje Revenge, wêrfoar't se yn 2011 op 'e nij nominearre waard foar in Golden Globe.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Stowe waard yn 1858 berne yn it Queen of Angels Hospital yn Hollywood as de âldste fan trije bern yn 'e húshâlding fan Robert Stowe, in yngenieur, en dy syn frou Mireya Mora Steinvorth. Hja is fan mingd Amerikaansk, Kostarikaansk en Dútsk etnysk komôf. Har heit stamme út in earm laacht út 'e Amerikaanske steat Oregon, mar har mem kaam út in tige foaroansteande famylje út it Middenamerikaanske Kosta Rika.

Ien fan Stowe har betoerpakes oan memmekant wie de politikus José Joaquin Mora Porras, de jongere broer fan Juan Rafael Mora Porras, dy't fan 1849 oant 1859 presidint fan Kosta Rika wie. In oaren fan Stowe har betoerpakes oan memmekant wie Bruno Carranza, dy't yn 1870 in fearnsjier presidint fan Kosta Rika wie. Dy syn frou, Stowe har betoerbeppe Gerónima Montealegre, wie wer de suster fan José María Montealegre Fernández, dy't Kosta Rika regearre fan 1859 oant 1863. Ien fan Stowe har oerpakes oan memmekant wie fierders in Dútske ymmigrant yn Kosta Rika.

Stowe groeide op yn Eagle Rock, in bûtenwyk fan Los Angeles. Har heit litte oan multiple skleroaze, en hja beselskippe him gauris nei syn medyske behannelings. Oarspronklik woe Stowe konsertpianiste wurde, en fan har tsiende oant en mei har achttjinde siet se op pianoles. Yn in fraachpetear lei se jierren letter út dat pianospyljen foar har fral in manear wie om net mei oare bern omgean te hoegen. Har Russyske pianolearaar Sergej Tarnowsky hie alle fertrouwen yn har, en joech har sels les doe't er al op syn stjerbêd lei. Doe't er úteinlik yn 'e âlderdom fan 96 jier ferstoarn wie, joech Stowe it pianospyljen deroan: "Ik hie gewoan it gefoel dat it tiid wie om minder op mysels te wêzen," sei se dêr letter oer.

Madeleine Stowe yn 2002.

Stowe studearre filmwittenskippen en sjoernalistyk oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje (USC) yn Los Angeles. Har stúdzje koe har net bysûnder boeie, dat se bea oan om optredens te fersoargjen yn it Solaris, in teäter yn Beverly Hills, dêr't ien fan in ympressariaat har yn in toanielstik seach en har oan ferskate rollen op 'e tillefyzje en yn films holp.

Aktearkarriêre

Yn 1978 makke Stowe har debút op 'e tillefyzje mei in lyts gastroltsje yn 'e plysjesearje Baretta, folge troch in hiele rist oare gastrollen yn tillefyzjesearjes as The Amazing Spider-Man, Barnaby Jones en Little House on the Prairie. Datselde jiers noch fertolke se foar it earst in haadrol, yn 'e tillefyzjefilm The Nativity, as de Faam Marije. Teffens spile se yn 'e minysearje The Gangster Chronicles, mei har lettere man, de akteur Brian Benben, yn 'e haadrol. Yn it begjin en de midden fan 'e 1980-er jierren wist se harsels te bedrippen mei rollen yn alderhanne tillefyzjesearjes en -films.

Yn 1987 briek Stowe troch mei har byrol yn 'e plysjefilm Stakeout, as Maria McGuire, de eks-freondinne fan in ûntsnapte krimineel dy't troch plysjes Richard Dreyfuss en Emilio Estevez temûk observearre wurdt yn 'e hope dat har eks-freon by har opdaagjen komt, sadat se him wer ynrekkenje kinne. Neitiid wurke Stowe gear mei Mark Harmon yn 'e komeedzjefilm Worth Winning (1989), mei Kevin Costner en Anthony Quinn yn 'e skrillerfilm Revenge (1990), mei Jack Nicholson yn 'e detektivefilm The Two Jakes (1990) en mei Kurt Russell yn 'e misdiefilm Unlawful Entry (1992).

Datselde jiers, 1992, spile se ek ien fan har meast ferneamde en heechst wurdearre rollen (al wûn se der gjin prizen mei) yn The Last of the Mohicans, in frije ferfilming fan 'e roman mei deselde namme fan James Fenimore Cooper. As tsjinspylster fan Daniel Day-Lewis sette se it personaazje fan Cora Munro del as in folle trochtaastender dame as dat Cooper har yn syn boek ôfskilderet. Mei dizze rol state Stowe harsels omheech fan in bekend aktrise dy't gaadlik wie foar it spyljen fan ûnderstypjende byrollen, nei in echte filmstjer dy't haadrollen drage koe. Yn 1993 wûn Stowe mei de rest fan 'e cast in Golden Globe foar de film Short Cuts, wêryn't se de rol fertolke fan 'e frou fan in twangmjittich ligende en har bedragende plysjeman (spile troch Tim Robbins). Ek hie se dat jiers in cameo yn it ferfolch op Stakeout, mei as titel Another Stakeout.

Yn 1994 spile Stowe de haadrol fan in bline muzikante yn 'e skriller Blink, mei Aidan Quinn as tsjinspiler. Dat jiers hie se ek de haadrol yn in oare skriller, China Moon, wylst se yn 'e mande mei Mary Stuart Masterson, Andie MacDowell en Drew Barrymore de haadrollen yn 'e western Bad Girls fertolke. Stowe waard 1994 troch it tydskrift People útroppen ta ien fan "de 50 Kreaste Minsken op 'e Wrâld", wylst se yn 1995 troch it tydskrift Empire keazen waard as ien fan "de 100 Meast Seksy Stjerren yn 'e Skiednis fan 'e Film". Yn 1995 spile Stowe ek de sympatike psychiater fan it personaazje fan Bruce Willis yn 'e science fiction-film 12 Monkeys. Foar dy rol waard se nominearre waard foar in Saturn Award.

Madeleine Stowe yn 2008.

Nei in pear jier lins nommen te hawwen fanwegen de berte fan har dochter, makke Stowe yn 1998 in comeback mei de films The Proposition en Playing by Heart. Yn 1999 spile se yn 'e detektivefilm The General's Daughter as tsjinspylster fan John Travolta ûndersykster Sara Sunhill, in ofsier fan 'e resjerzje fan it Amerikaanske Leger, dy't mei har kollega Paul Brenner (Travolta) de moard en skynferkrêfting fan in froulike legerkaptein ûndersiket. Foar dy rol waard Stowe nominearre foar in Blockbuster Entertainment Award en in ALMA Award. Nei de iuwwiksel folgen noch de science fiction-film Impostor (2001), it oarlochsdrama We Were Soldiers (2002), de aksjekomeedzje Avenging Angelo (2002) en de skriller Octane (2003).

Nei 2003 lei Stowe har mear ta op har gesin, en spile se net mear yn films. Har wurk yn 'e 2000-er jierren loek net in protte belangstelling. Yn 2005 folge noch wol de tillefyzjefilm Saving Milly, in adaptaasje fan it boek mei deselde namme fan Morton Kondracke oer in frou dy't oanhelle rekket mei de sykte fan Parkinson. Yn 2007 sette Stowe útein mei in weromkearende rol yn Jeff Goldblum syn boppenatuerlike detektivesearje Raines, dy't lykwols nei in pear moanne letter al stopset waard. Yn 2009 spile se fierders noch de haadrol yn 'e tillefyzjefilm The Christmas Hope. Pas yn 2011 kaam Stowe wer yn 'e skynwerpers te stean, doe't se de rol oannaam fan Victoria Grayson, de kreaze en machtige matriarch fan 'e Grayson-famylje, yn 'e dramasearje Revenge. Dy waard ûnferwachts in grut súkses en fjouwer seizoenen rûn, oant yn 2015. Foar dy fertolking sleepte se yn 2012 in nominaasje foar de Golden Globe foar bêste aktrise yn in dramasearje yn 'e wacht.

Priveelibben

Madeleine Stowe troude yn 1982 mei de akteur Brian Benben, dy't se yn 1981 mette op 'e set fan 'e minysearje The Gangster Chronicles. Fan 2003 ôf wennen se op in ranch yn 'e neite fan Fredericksburg, yn 'e steat Teksas, mar anno 2022 wenje se yn Pacific Pallisades, in wyk fan Los Angeles. Se hawwe ien bern, in dochter, dy't fan May Theodora hjit en berne waard yn 1996. Stowe sit yn it bestjoer fan 'e stifting Artists for Peace en Justice, wêrfoar't se bygelyks yn 2008 nei Haïty ta reizge.

Filmografy

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1978BarettaAnnagastrol; ôfl. The Marker
1978The Amazing Spider-ManMaria Calderongastrol; ôfl. Escort to Danger
1978The Nativityde Faam Marijetillefyzjefilm
1978The DeerslayerHetty Huttertillefyzjefilm
1979Barnaby JonesDianegastrol; ôfl. School of Terror
1980Beulah LandSelma Kendrick Davisminysearje
1980Little House on the PrairieAnnie Cranegastrol; ôfl. Portrait of Love
1981Trapper John, M.D.Cassiegastrol; ôfl. Creepy Time Gal
1981The Gangster ChroniclesRuth Laskerminysearje
1984Amazonsdokter Sharon Fieldstillefyzjefilm
1986Blood & OrchidsHester Ashley Murdochtillefyzjefilm
2002The Magnificent Ambersons   Isabel Amberson Minafer   tillefyzjefilm
2005Saving MillyMilly Martineztillefyzjefilm
2006Southern ComfortCharlottepilotôflevering foar in nea makke searje
2007Rainesdokter Samantha Kohlweromkearende rol; 5 ôfl.
2009The Christmas HopePatricia Addisontillefyzjefilm
2011–2015RevengeVictoria Graysonfêste rol; 89 ôfl.
nom. Golden Globe foar bêste aktrise yn in dramasearje (2012)
nom. ALMA Award faor favorite tillefyzje-aktrise yn in dramasearje (2012)
201612 MonkeysLilliangastrol; ôfl. Memory of Tomorrow
2019SoundtrackMargot Westonweromkearende rol; 10 ôfl.
films
1981Gangster WarsRuth Lasker
1987StakeoutMaria McGuire
1988Tropical SnowMarina
1989Worth WinningVeronica Briskow
1990RevengeMiryea Mendez
1990The Two JakesLillian Bodine
1991Closet Landslachtoffer
1992Unlawful EntryKaren Carr
1992The Last of the MohicansCora Munro
1993Another StakeoutMaria McGuirecameo; net fermeld op 'e ôftiteling
1993Short CutsSherri ShepardGolden Globe foar bêste cast
Coppa Volpi fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Feneesje foar bêste cast
1994China MoonRachel Munro
1994BlinkEmma Brody
1994Bad GirlsCody Zamora
199512 MonkeysKathryn Raillynom. Saturn Award foar bêste aktrise
1998The PropositionEleanor Barret
1998Playing by HeartGracie
1999The General's DaughterSara Sunhillnom. ALMA Award foar bêste filmaktrise
2001ImpostorMaya Olham
2002We Were SoldiersJulia Moore
2002Avenging AngeloJennifer Barrett Allighieri
2003OctaneSenga Wilson

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.