Topografyske gemeentekaart fan Maasslûs, desimber 2016

Maasslûs of Maasslús (Nederlânsk en offisjeel Maassluis) is in Nederlânske stêd en gemeente yn de provinsje Súd-Hollân. De gemeente hat in oerflak fan 10,11 km² (dêrfan is 1,51 km² wetter) en hat 32.781 ynwenners (1 jan. 2019) dy’t Maasslûzers neamd wurde. Binnen de gemeentegrinzen lizze gjin oare kearnen. De gemeente is ûnderdiel fan it gearwurkingsferbân Metropoalregio Rotterdam De Haach.

Skiednis

Maasslûs is om 1340 ûntstien, as delsetting by in slûs yn in seekearing dy’t tusken de Noardsee en Rotterdam oanlein waard om oerstreamings te foarkommen. De delsetting waard Maeslandsluys neamd en foel bestjoerlik ûnder Maesland. Yn 1489 waard de delsetting plondere. Yn de sechtjinde iuw liet Marnix fan St. Aldegonde in nije skâns oanlizze. Noch foar de foltôging waard de skâns yn 1573 ferovere troch de Spanjerts. Fan Aldegonde waard finzennomd. In jier letter waard Maeslandsluys troch oproerige Spaanske troepen plondere.

Op 16 maaie 1614 waard Maeslandsluys selsstannichheid ferliend troch de Steaten fan Hollân en gie fierder as Maassluis. De skâns waard ôfbrutsen yn 1624 om plak te meitsjen foar de Grutte Tsjerke. Mei de bou dêrfan waard begûn yn 1629. De bou lei fiif jier stil trochdat kapers út Dúntsjerk in soad Maasslûzer fiskersskippen feroveren en de bemanning oerboard goaiden. Yn 1639 waard de Grutte Tsjerke foltôge.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.