Maartje Wortel
skriuwer
Maartje Wortel - Feest der Letteren 2016
Maartje Wortel - Feest der Letteren 2016
persoanlike bysûnderheden
echte nammeWilliam Shakespeare
nasjonaliteit Nederlânsk
berne26 oktober 1982
berteplakEemnes
etnisiteit Nederlânsk
wurk
taalNederlânsk
sjenreroman, koart ferhaal
prizenWrite Now! 2007, Anton Wachterpriis 2010, Nij Proaza Priis Fenlo 2010, Gouden Nasjonale Twittergala Cup 2012
offisjele webside
http://maartjewortel.nl/
Dbnl-profyl

Maartje Wortel (Eemnes, 26 oktober 1982) is in Nederlânsk skriuwster.

Nei de middelbere skoalle 'Laar en Berg' yn Laren besocht se in skoft de Akademy foar Sjoernalistyk yn Tilburg.[1] It jier dêrnei folge se de oplieding Byld & Taal oan de Gerrit Rietveld Akademy yn Amsterdam.

Wortel publisearre koarte ferhalen yn de literêre tydskriften Passionate Magazine, De Brakke Hond en De Gids. Haar collumns verschenen in NRC Next en Trouw. Maartje Wortel debutearre yn 2009 mei de ferhalebondel Dit is jouw huis by De Bezige Bij.
Yn 2011 ferskynde har earste roman Half Mens, wêrfoar't se nominearre waard foar de BNG Nije Literatuerpriis. Half mens giet oer in Amerikaanske taksysjauffeur dy't in Nederlânsk famke oanrydt. Inspiraasje foar it boek helle se út in artikel oer de psychyske steurnis BIID (Body Integrity Identity Disorder). Yn 2014 ferskynde, ek by de Bezige Bij, IJstijd dy't goed ûntfongen waard. Maartje Wortel is de dochter van lytskeunstener Gerard Wortel.

Bibliografy

  • De groef (2021)
  • Dennie is een star (2019)
  • Goudvissen en beton (2016)
  • Er moet iets gebeuren (2015)
  • IJstijd (2014)
  • Half mens - roman (2011)
  • Dit is jouw huis - ferhalebondel (2009)

Prizen

  • Sjuerypriis lanlike finale skriuwwedstriid Write Now! yn 2007
  • Anton Wachterpriis 2010 (Dit is jouw huis)
  • Nieuw Proza Prijs 2010 (winnend ferhaal: 'Kranten')[2]
  • Gouden Nationale Twittergala Cup 2012 Spui25[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gooi- en Eemlander, sneon 4 april 2015, s. 19
  2. Nieuwe Proza Prijs Venlo 2010
  3. Website Maartje Wortel
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.