M personaazje út 'e James Bond-searje | ||
Akteur Bernard Lee spile M yn 'e earste alve James Bond-films. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme(n) | ferskaat | |
bynamme | M | |
sekse | ferskaat | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berop/amt | haad fan MI6 | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | James Bond Miss Moneypenny Q Felix Leiter | |
geastlike heit | Ian Fleming | |
útjouwer | Jonathan Cape | |
ûntstean | 1953 |
M is de koadenamme fan it haad fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6 yn 'e James Bond-romans fan Ian Fleming en de dêrop basearre James Bond-filmsearje. De oantsjutting is net persoanspesifyk, mar giet fan persoan nei persoan oer mei de funksje. Fleming yntrodusearre it personaazje yn 1953, yn syn earste Bond-roman Casino Royale. In oar bekend personaazje út 'e Bond-romans en -films is Miss Moneypenny, de sekretaresse fan M.
Ynspiraasje
Fleming basearre de M út syn boeken foar it meastepart op skout-by-nacht John Henry Godfrey, de sjef fan 'e Britske Marine Ynljochtingedifyzje, ûnder wa't Fleming yn 'e Twadde Wrâldoarloch tsjinne. Oare mooglike boarnen fan ynspiraasje foar it personaazje wiene sir Claude Dansey, it plakferfangend haad fan 'e Britske bûtenlânske ynljochtingetsjinst MI6; Maxwell Knight, it haad fan 'e Britske binnenlânske ynljochtingetsjinst MI5 (dy't syn memo's ûndertekene mei "M"); en William Melville, in Ier dy't opklom ta sjef fan it Secret Service Bureau, de foarrinner fan sawol MI6 as MI5.
Spilers
De rol fan M is yn 'e James Bond-films fertolke troch ferskate akteurs. Bernard Lee, dy't de rol spile yn 'e earste alve films, waard der op in stuit suver mei identifisearre. Yn 'e filmsearje fan Eon Productions ûntbrekt it personaazje M inkeld yn For Your Eyes Only (1981). Dy film waard opnommen koart nei't Lee ferstoarn wie. Dame Judi Dench wie yn 1995 de earste froulike M.
jierren | film | akteur | echte namme fan M |
---|---|---|---|
films fan Eon Productions | |||
1962 – 1979 | Dr. No | Bernard Lee | Miles Messervy |
From Russia with Love | |||
Goldfinger | |||
Thunderball | |||
You Only Live Twice | |||
On Her Majesty's Secret Service | |||
Diamonds Are Forever | |||
Live and Let Die | |||
The Man with the Golden Gun | |||
The Spy Who Loved Me | |||
Moonraker | |||
1981 | For Your Eyes Only | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) | |
1983 – 1989 | Octopussy | Robert Brown | Hargreaves |
A View to a Kill | |||
The Living Daylights | |||
Licence to Kill | |||
1995 – 2015 | GoldenEye | dame Judi Dench | Olivia Mansfield |
Tomorrow Never Dies | |||
The World Is Not Enough | |||
Die Another Day | |||
Casino Royale | |||
Quantum of Solace | |||
Skyfall | |||
Spectre (yn in postúm boadskip) | |||
2015 – .... | Spectre | Ralph Fiennes | Gareth Mallory |
No Time to Die | |||
films fan oare studio's | |||
1954 | Casino Royale | n.f.t. (personaazje ûntbrekt) | |
1967 | Casino Royale | John Huston David Niven |
ûnbekend James Bond |
1983 | Never Say Never Again | Edward Fox | ûnbekend |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |