MOBO Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
útrikt foarmuzyk
frekwinsje1x jiers
plakalmeast Londen (Ingelân)
ynsteld1996
offisjele webside
www.mobo.com

De MOBO Awards, of folút: Music of Black Origin Awards, binne in groep Britske prizen dy't ienris yn it jier útrikt wurde foar de bêste muzikale wurken fan swarte oarsprong (útfierd troch artysten fan lykfol hokker etnisiteit of nasjonaliteit) fan it foargeande jier. De prizen waarden yn 1996 ynsteld troch Kanya King en Andy Ruffell, en hawwe har sûnt ûntjûn ta de meast prestizjeuze Britske prizen fan har mêd. De útrikkingsseremoanje fynt almeast yn Londen plak, mar hat ek alris yn it Skotske Glasgow en yn Liverpool organisearre west.

Kategoryen

  • bêste optreden troch in manlike artyst
  • bêste optreden troch in froulike artyst
  • bêste liet
  • bêste album
  • bêste nijynkommeling
  • bêste R&B/soul-optreden
  • bêste hiphop/grime-optreden út it Feriene Keninkryk
  • bêste gospeloptreden
  • bêste jazz-optreden
  • bêste reggae-optreden
  • bêste Afrikaanske optreden
  • bêste ynternasjonale optreden
  • bêste fideoklip

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.