MBS Media Campus | ||
algemien | ||
hist. namme | Manhattan Beach Studios | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | tillefyzje- en filmyndustry | |
fêstige yn | Manhattan Beach (Kalifornje) | |
oprjochte | 1999 | |
eigner | MBS Group | |
offisjele webside | ||
mbsmediacampus.com | ||
kaart | ||
De MBS Media Campus is in studiokompleks yn Manhattan Beach, in foarstêd fan Los Angeles yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dêr't de opnamen foar films en tillefyzjeprogramma's plakfine. It bedriuw waard yn 1999 oprjochte en stie lang bekend as de Manhattan Beach Studios. De MBS Media Campus is eigendom fan 'e MBS Group.
Skiednis
It âldste diel fan 'e MBS Media Campus waard yn 1999 troch boubedriuw Shamrock Holdings of California oan Rosecrans Avenue yn Manhattan Beach boud yn opdracht fan 'e famylje fan Disney-telch Roy E. Disney. De oarspronklike namme fan it kompleks wie Manhattan Beach Studios. Letter waard it studiokompleks ferskate kearen útwreide. Tsjintwurdich is it eigendom fan 'e MBS Group, dy't soartgelikense studiokompleksen yn oare dielen fan 'e Feriene Steaten en Kanada besit. It is ien fan 'e meast technologysk avansearre studiokompleksen fan 'e wrâld, dat fêste kontrakten foar gebrûk hat mei û.m. filmstudio's Lucasfilm en Lightstorm Entertainment en special effects-bedriuw Industrial Light & Magic (ILM).
Fasiliteiten
De MBS Media Campus bestiet út in rige gebouwen dy't spesifyk foar it doel fan 'e produksje fan films en tillefyzjesearjes boud binne. Der binne 15 hypermoderne soundstages mei in mienskiplik oerflak fan 36.000 m² en in backlot fan 8,4 ha dêr't û.m. in strjitte yn New York neiboud is. Dêrnjonken besikt it kompleks oer preproduksje- en postproduksjefasiliteiten, wurkplakken foar it bouwen fan dekôrstikken, mear as 26.000 m² oan kantoarromte, in eigen bioskoop foar it besjen fan it montearre einprodukt en in eigen kafee en cateringtsjinst.
Produksjes
Films
In seleksje fan films dy't alteast foar in diel op 'e MBS Media Campus opnommen binne:
- Iron Man 2 (2010)
- Captain America: The First Avenger (2011)
- The Avengers (2012)
- Captain America: The Winter Soldier (2014)
- Captain America: Civil War (2016)
- Avatar: The Way of Water (2022)
Tillefyzje
In seleksje fan tillefyzjesearjes en oare tillefyzjeprogramma's dy't alteast foar in diel op 'e MBS Media Campus opnommen binne:
- America's Funniest Home Videos (fan 1999 ôf)
- Scorpion (2014-2018)
- Jane the Virgin (2014-2019)
- Rosewood (2015-2017)
- Roadies (2016)
- Insecure (2016-2021)
- The Mandalorian (fan 2019 ôf)
- Diary of a Future President (2020-2021)
- The Book of Boba Fett (fan 2021 ôf)
- Obi-Wan Kenobi (2022)
- Ahsoka (2023)
- Star Wars: Skeleton Crew (2023)
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |