Mûzen en rotten
In bosk- of heidemûs.
In bosk- of heidemûs.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift:mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje:mûzen en rotten (Muroidea)
Illiger, 1811

De mûzen en rotten (wittenskiplike namme: Muroidea) foarmje in boppefamylje fan de klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en it ûnderskift fan 'e mûzen en jerboä's (Myomorpha), dêr't teminsten 1300 soarten ta hearre. Dat komt del op hast in fearn fan alle sûchdieresoarten. De grutste en teffens bekendste famyljes dy't ta dit ûnderskift hearre, binne dy fan 'e mûseftigen (Muridae) en de wrotmûseftigen (Cricetidae), mei tige algemiene soarten as de hûsmûs, de brune rôt, de fjildmûs en de muskusrôt. De mûzen en rotten komme oeral op 'e wrâld foar, mei útsûndering fan Antarktika.

Boppefamylje-opbou

  • boppefamylje mûzen en rotten (Muroidea)
    • famylje Afrikaanske mûzen en rotten (Nesomyidae)
    • famylje dwerchsliepmûzen (Platacanthomyidae)
    • famylje Eomyidae
    • famylje Florentiamyidae
    • famylje mûseftigen (Muridae)
    • famylje molrotten en bamboerotten (Spalacidae)
    • famylje mûshamsters (Calomyscidae)
    • famylje Simimyidae
    • famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.