De Mûzel (Dútsk Mosel, Frânsk Moselle, Lúksemboarchsk Muzel; út it Latyn Mosella, "'Lytse Maas") is in rivier, wêrfan't de boarne yn de gemeente Bussang yn de Fogezen yn Frankryk leit. Fanút it berchmassyf streamt de 544 kilometer lange rivier troch it noardeasten fan Frankryk troch de stêd Metz. Dêrnei foarmet de rivier de grins tusken Lúkssemboarch en Dútslân om troch Trier letter yn Koblenz by de Deutsche Eck yn de Ryn út te mûnen. It streamgebiet fan de Mûzel is 28.100 km² en de trochsnit wetterstream 323 m³/s.
Fan Thionville oant Koblenz is de Mûzel befarber. Binnenskippen fan 1.500 ton kinne oant Metz ta farre.
De mûzel skiedt yn Dútslân de Eifel (lofts fan de Mûzel) fan de Hunsrück (rjochts fan de Mûzel). De rivier streamt troch it âldste wynbougebiet fan Dútslân en foarmet mei it lânskip en de plakjes oan de rivier toeristysk in wichtige boarne fan ynkommen fan de krite.
Plakken oan de Mûzel (seleksje)
Ofbylden
- Boarne fan de Mûzel (F)
- De Mûzel yn Épinal (F)
- Mûzel by Schengen (L)
- Mûzel by Bremm (D)
- Mûzel by Cochem (D)
- Mûning fan de Mûzel yn de Ryn (D)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Moselle River fan Wikimedia Commons. |