Mûzefalken | ||
Mûzefalk (Buteo buteo) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
rangleas: | bitterfûgels (Afroaves) | |
skift: | haukeftigen (Accipitriformes) | |
famylje: | haukfûgels (Accipitridae) | |
ûnderfamylje: | mûzefalken (Buteoninae) | |
De mûzefalken, mûzebiters of mûzefangers (Buteoninae) binne in ûnderfamylje fan rôffûgels út de famylje fan de haukeftigen (Accipitridae). De ûnderfamylje hat 16 skaaien en sa'n 63 soarten. Binnen de haukfûgels steane de mûzefalken it tichtst by de gleeën (Milvinae) en de see-earnen (Haliaeetinae), sa dat dizze groepen ek wol ta deselde ûnderfamylje rekkene wurde, of dat inkele lea by in oare ûnderfamylje rekkene wurde (bygelyks de neisteande skaaien Ictinia, Rostrhamus en Helicolestes by de gleeën).
De mûzefalken binne middelgrutte oant grutte rôffûgels mei in lichemslingte fan 30 oant 110 cm en in wjukspanwiidte fan 8 oant 155 cm. Se hawwe in middellange, ôfrûne sturt en koarte teannen. Se binne minder linich as de earnen en de falken en harren lichemsbou is tige gaadlik foar lange glydflechten. De mûzefalken ite meast lytse of middelgrutte sûchdieren.
Taksonomy
- Ûnderfamylje: mûzefalken (Buteoninae)
- Skaai: Butastur, 4 soarten:
- sprinkhoannemûzefalk (Butastur rufipennis)
- wyteachmûzefalk (Butastur teesa)
- readwjukmûzefalk (Butastur liventer)
- griiskopmûzefalk (Butastur indicus)
- Skaai: Ictinia, 2 soarten:
- Mississippimûzefalk (Ictinia mississippiensis)
- (Ictinia plumbea)
- Skaai: Busarellus, 1 soarte:
- fiskmûzefalk (Busarellus nigricollis)
- Skaai: Rostrhamus, 1 soarte:
- slakkemûzefalk (Rostrhamus sociabilis)
- Skaai: Helicolestes, 1 soarte:
- tinsnaffelmûzefalk (Helicolestes hamatus)
- Skaai: Geranospiza, 1 soarte:
- (Geranospiza caerulescens)
- Skaai: Cryptoleucopteryx, 1 soarte:
- (Cryptoleucopteryx plumbea)
- Skaai: Buteogallus, 9 soarten:
- (Buteogallus schistaceus)
- swarte mûzefalk (Buteogallus anthracinus)
- Kubaanske swarte mûzefalk (Buteogallus gundlachii)
- krabbemûzefalk (Buteogallus aequinoctialis)
- savannemûzefalk (Buteogallus meridionalis)
- (Buteogallus lacernulatus)
- (Buteogallus urubitinga)
- (Buteogallus solitarius)
- (Buteogallus coronatus)
- Skaai: Morphnarchus, 1 soarte:
- streke mûzefalk (Morphnarchus princeps)
- Skaai: Rupornis, 1 soarte:
- bermmûzefalk (Rupornis magnirostris)
- Skaai: Parabuteo, 2 soarten:
- woastynmûzefalk (Parabuteo unicinctus)
- wytstútmûzefalk (Parabuteo leucorrhous)
- Skaai: Geranoaetus, 3 soarten:
- wytsturtmûzefalk (Geranoaetus albicaudatus)
- readrêchmûzefalk (Geranoaetus polyosoma)
- earnmûzefalk (Geranoaetus melanoleucus)
- Skaai: Pseudastur, 3 soarten:
- (Pseudastur polionotus)
- (Pseudastur albicollis)
- (Pseudastur occidentalis)
- Skaai: Leucopternis, 3 soarten:
- (Leucopternis semiplumbeus)
- (Leucopternis melanops)
- (Leucopternis kuhli)
- Skaai: Bermuteo, 1 soarte (útstoarn)
- Bermudamûzefalk (Bermuteo avivorus)
- Skaai: Buteo, 30 soarten:
- grize mûzefalk (Buteo plagiatus)
- griisstreke mûzefalk (Buteo nitidus)
- readskoudermûzefalk (Buteo lineatus)
- Hispaniolamûzefalk (Buteo ridgwayi)
- breedwjukmûzefalk (Buteo platypterus)
- wytkielmûzefalk (Buteo albigula)
- koartsturtmûzefalk (Buteo brachyurus)
- Hawaïaanske mûzefalk (Buteo solitarius)
- prêrjemûzefalk (Buteo swainsoni)
- Galapagosmûzefalk (Buteo galapagoensis)
- bânsturtmûzefalk (Buteo albonotatus)
- readsturtmûzefalk (Buteo jamaicensis)
- Patagoanyske mûzefalk (Buteo ventralis)
- keningsmûzefalk (Buteo regalis)
- rûchpoatmûzefalk (Buteo lagopus)
- Mongoalske mûzefalk (Buteo hemilasius)
- Easterske mûzefalk (Buteo japonicus)
- Himalayamûzefalk (Buteo refectus of B. burmannicus)
- earnfalk (Buteo rufinus)
- Magrebearnfalk (Buteo (rufinus) cirtensis)
- Kaapverdyske earnfalk (Buteo bannermani)
- Sokotra-earnfalk (Buteo socotraensis)
- mûzefalk (Buteo buteo)
- boskmûzefalk (Buteo trizonatus)
- berchmûzefalk (Buteo oreophilus)
- Somalyske mûzefalk (Buteo archeri)
- readnekkemûzefalk (Buteo auguralis)
- Madagaskarmûzefalk (Buteo brachypterus)
- augurmûzefalk (Buteo augur)
- jakhalsmûzefalk (Buteo rufofuscus)
- Skaai: Butastur, 4 soarten: