Mûne fan Rolde
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Rolde
adresGrutte Brink
bysûnderheden
type bouwurkNôtmûne
boujier1873
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer32698 [1]

De Mûne fan Rolde is in grûnsiler oan de Grutte Brink yn it Drintske doarp Rolde.

Skiednis

De mûne waard yn 1873 boud op in heuveltsje oan de brink. In bultmûne is it net, want der ûntbrekt in yn- en útrit foar de karren om mei de fracht ûnder de mûne troch de riden. In offisjele namme hat de mûne net hân en dêrom wurdt de mûne gewoan de 'mûne fan Rolde' neamd.

Krekt foar de Twadde Wrâldkriich like der in ein te kommen oan de mûne. De doetiidske mûnder hie noch mar fjouwer bakkers en woe der mei ophâlde. De Feriening De Hollânske Mûne krewearre foar it behâld fan de mûne en nei de kriich waard der genôch jild by inoar sammele om de mûne te restaurearjen.

De mûne is mealfeardich en wurket mei de ynset fan frijwillige mûnders regelmjittich.

Beskriuwing

De mûne fan Rolde is in achtkante grûnsiler op in stiennen ûnderbou. It achtkant en de kape binne dutsen mei swart daklear. De roeden hawwe in lingte fan 19,10 meter (binnenroede) resp. 18,98 meter (bûtenroede) en binne útrist mei it Van Bussel-systeem.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.