De minsklike mûle

De mûle, by bisten in bek neamd, is wichtich part fan it minsklik lichem en hat ferskate funksjes. Sa komme troch de mûle iten en lucht it lichem yn. Yn de mûle wurdt iten fermealle en wiettich makke sadat it ynslokke wurde kin. Fierders spilet de mûle in essinsjele rol by it praten en hat ek betsjutting foar it sykheljen. De mûle wurdt rekkene ta it spiisfertarringskanaal.

De mûle wurdt oan de foarkant begrinzge troch de lippen en dêrefter troch de mei slymflues (mucosa) beklaaide boppe - en ûnderkaak (of tsjeak), dêr't de kiezen en tosken yn sitte. Yn de boaiem fan de mûle sitte de útgongen fan de submandibulêre en sublinguale spuiklieren en dêrboppe de tonge. De sydkantenten fan de mûle wurde foarme troch de mucosa oan de binnenkant fan de wangen, dy't de spuiklier ûnder it ear (de parotis), de wangspieren (masseterspier) befetsje. Boppeoan grinzet de mûle oan de noasholte, mei it hurde en sêfte ferwulft (palatum). Oan de efterkant giet de mûle, nei de hûch oer yn de kielholte farynx.

De spuiklieren meitsje flibe dat ûnder oaren enzymen hat dy't in begjin meitsje mei de spiisfertarring.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.