mûdhûn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassestrielfinnigen (Actinopterygii)
skiftkoarpereftigen (Cypriniformes)
famyljeechte koarpers (Cyprinidae)
skaaimûdhûnen (Tinca)
soarte
Tinca tinca
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De mûdhûn (Tinca tinca) is in swietwetterfisk mei in brunige oant grienige kleur dy't fariearret neigeraden de boaiem en de âldens.
Hy hat in dikke slimerige hûd mei hiele lytse skobben en kin somtiden 70 sm. lang wurde.
De mûdhûn is goed werkenber oan de reade iris yn syn each, de grutte finnen, de brede oanset fan de sturt en de burdtriedden.

Foarkommen: it grutste diel fan Jeropa en West-Aazje yn moerassen en wetters mei in soad planten. Ek kin er libje yn wrak, soer- en soerstofearm wetter. Yn maaie-juny wurde 300.000-400.000 aaien lein dy't oan de planten kleve.

By't winter hâldt de mûdhûn in wintersliep.

Oars

Yndertiid waarden wol ien of mear Mûdhûnen yn in reinwettersbak holden om it wetter suver te hâlden.

In jonge mûdhûn

Sjoch ek

List fan Fisken

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.