lytse iisfûgelflinter | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Limenitis camilla | ||||||||||||
Linnaeus, 1764 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De lytse iisfûgelflinter (Limenitis camilla) is in soarte yn de famylje fan de aureliaflinters (Nymphalidae).
Foarkommen
De lytse iisfûgelflinter libbet foaral in ôfwikseljende fochtige mingde bosken of leafbosken. Hy kaam earder foar op in grut diel fan de sângrûnen yn East- en Súd-Nederlân. Op it stuit binne se allinnich nog te finen yn Twinte en de Achterhoek. Fan 1990 ôf is de flinter sterk efterútgongen. De Lytse Iisfûgelflinter is in honkfêste soart.
Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.
Flinter
De wjuklingte is likernôch 22 oant 29 mm. Oer de ûnderkant fan de efterwjuk rint in dûbele rige donkere plakjes. De flinter liket sterk op de Blauwe Iisfûgelflinter.
Fljochtiid
De flinter fljocht fan ein maaie ôf oant ein augustus. Benammen de earste helte fan juny oant ein july. Soms is der in twadde generaasje yn septimber mar dat is mar hiel seldsum.
Rûp
De rûp kin 30 mm wurde. It liif is felgrien mei twa rigen brune fertakke toarns op 'e rêch. De kop is brún. De hiele rûp is bedutsen mei wite wartsjes. De rûp hat in tige ûnderskiedend fretspoar. De rûpen frette de blêden sà op dat allinnich de middennerf stean bliuwt. Se oerwinterje troch in blêd fan de Kamperfoelje byelkoar te spinnen ta in soartemint kapsule.
De rûp fret allinnich fan de Kamperfoelje.