Lytse gieltoefspjocht

wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftspjochteftigen (Piciformes)
famyljespjochten (Picidae)
skaaigriene spjochten (Picus)
soarte
Picus chlorolophus
Vieillot, 1818
IUCN-status: net bedrige

De Lytse gieltoefspjocht (Picus chlorolophus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e spjochten (Picidae). De lytse gieltoefspjocht libbet yn súdlik Aazje fan Yndia en Sry Lanka oant Sumatra en Súd-Sina.

Beskriuwing

De fûgel hat wat de griene boppekant oanbelanget wat fan de griene spjocht. Der is geografysk en yndividueel in grut ferskaat yn 'e soarte en ek leefgebiet ferskilt nochal ûnder de fûgels. It binne lytse oant middelgrutte spjochten mei in karakteristike toefe, in stive lange sturt en in lange, oan 'e basis brede beiteleftige snaffel. De lingte fan 'e fûgel is 25 oant 28 sm, it gewicht 57 oant 83 g. Dêrmei is de gieltoefspjocht krekt wat grutter as de grutte eksterspjocht en ek wat lichter as dy Euraziatyske spjocht. De soarte hat wat kleur oanbelanget net in tige opfallend geslachtsdimorfisme. Wyfkes binne wat lytser as mantsjes.

Lytse gieltoefspjocht.

By mantsjes fan 'e nominaatfoarm is it hiele boppebealchje en in diel fan 'e wjukken grien mei in goudgiel aksint. De romp is faak helderer fan kleur. De slachpinnen binne foar it measte donkerbrún, de bûtenste flaggen fan 'e earmwjukken en de binnenste slachpinnen binne readbrún mei griene rânen. Alle slachpinnen hawwe op de binnenflaggen en de bûtenste haadslachpinnen ek op 'e bûtenflaggen wite flekken. De boppekant fan 'e sturt is swarteftich; de ûnderkant fan 'e sturt is wat bleker as de boppekant. It boarst is griisgrien oant donkergrien, de rest fan 'e ûnderkant fan 'e romp ynklusyf de ûnderkant fan 'e sturt hat oliif- oant oliifgrize of brúneftich oliifkleurige pylkfoarmige markearings op in wyteftige ûndergrûn. .

De foarholle en de boppekant fan 'e kop binne oliifgrien. By jonge fearren hawwe de fearren dêr readbrune punten. De fearren op 'e efterkant fan 'e kop, dy't in toefe foarmje, binne goudgiel of oranje. Dy giele kleur rint troch oant yn 'e nekke. De earen en sydkanten fan 'e nekke binne oliifgrien en nei it efterste diel fan e hals wurdt de kleur donkerder. De burdstreek en it kin binne giel, de fearren by de kiel binne swart mei wite streken.

De snaffel is swartgriis, mar de basis fan de ûndersnaffel is ljocher en faak gielbrún. Poatsjes en teannen binne griisgrien of griis. It each is brúnread of readeftich, de eachring is griis, grieneftich of blaugriis.

By wyfkes is de burdstreek, it kin en de boppekiel net giel, mar readbrún.

Undersoarten

It grutte ferskaat yn 'e soarte hat laat ta de beskriuwing fan ferskillende ûndersoarten.

Winkler et al. erkent 9 ûndersoarten, dy't op grûn fan 'e kleur op it ûnderbealchje yn twa groepen yn te dielen binne. Trije ûndersoarten, ynklusyf de nominaatfoarm, hawwe donkere tekeningen op in wyteftige ûndergrûn:

  • Picus chlorolophus chlorolophus Vieillot, 1818: fan eastlik Nepal nei it easten ta oant yn it noarden fan Fjetnam. De nominaatfoarm is boppe beskreaun. Undersoarte mei de helderste kleuren op it boppebealchje en mei it measte giel of oranje op 'e kop.
  • Picus c. simlae Meinertzhagen, 1924 – Himachal Pradesj en it west fan Nepal. In grutte ûndersoarte, wjuk- en sturtlingte binne grutter as dy fan 'e nominaatfoarm. De boppekant minder giel en mear grien, efterkop minder oranje.
  • Picus c. annamensis Meinertzhagen, 1924 – fan it súdeasten fan Tailân nei it easten ta, oant yn it suden fan Fjetnam. Lytser as de nominaatfoarm. De boppekant donkerder grien. Minder read op de kop; búk en flanken witer. De bânen oan 'e ûnderkant rinne oant it ûnderste boarstdiel, mar binne op 'e búk en flanken minder dúdlik.

De oare seis ûndersoarten hawwe op 'e ûnderkant fan 'e romp ljochte tekeningen op donkere ûndergrûn.

Lytse gieltoefspjocht yn Yndia.
  • Picus c. chlorigaster Jerdon, 1845 – Midden- en Súd-Yndia. Lytser as de trije foargeande ûndersoarten. Boppekant donkergrien, ûnderkant mat oliifgrien mei swakke, ljochte bâneftige struktuer op 'e flanken en búk en ljochte flekken op it boarst. Gesicht sûnder wite tekening, mear read op 'e kop en toefe mei minder giel.
  • Picus c. wellsi Meinertzhagen, 1924 – Sry Lanka. Hast itselde as Picus c. chlorigaster, mar wat donkerder. Bandearing oan 'e ûnderkant fan 'e romp swakker en mear reade kleur boppe op 'e de kop en ek mear readbrún op 'e fleugels.
  • Picus c. citrinocristatus Rickett, 1901) – Regio Tonking yn it noarden fan Fjetnam en de Sjineekse provinsje Fujian. Boppekant allinne mei in ljochtgiel aksint, ûnderkant griis mei hast gjin waar te nimmen grien, dat op it boarst noch it dúdlikste is. In pear heldere bânen op 'e flanken. De wite wangestreek en de reade kleur fan de burdstreek by it mantsje binne skraachwurk te sjen.
  • Picus c. longipennis Hartert, 1910) – Sjineeske provinsje Hainan. Grutte oerienkomsten mei Picus c. citrinocristatus', mar wat lytser. Underkant griener en de flanken mei dúdlikere bânen.
  • Picus c. rodgeri Hartert, 1910) – Heechlân fan it Maleizysk skiereilân. Grutte oerienkomsten mei Picus c. chlorigaster, mar de bandearing op 'e ûnderkant is skerper, dúdlike ljochte wangestreek, de reade kleur boppe de kop is minder oanwêzich en de toefe mei in ljochte goudkleur.
  • Picus c. vanheysti Robinson & Kloss, 1919) – Súdwestlik Sumatra. In soad oerienkomsten mei Picus c. rodgeri, mar mear giel op 'e boppekant en de ûnderkant griener en minder griis.
Wyfke.

Nêst

De briedtiid hinget ôf fan it gebiet dêr't de fûgel libbet. Yn Sry Lanka is de briedtiid fan febrewaris oant july, yn Sikkim (Yndia) fan april oant maaie, yn Myanmar fan maart oant maaie en yn Maleizje fan febrewaris oant maaie. De holtes wurde yn deade beammen of yn deade dielen fan libbene beammen op hichtes fan 2 oant 5 meter boud. In lechsel bestiet út 3 oant 4 aaien. Yn it suden fan 'e fersprieding bestiet it lechsel lykwols mar út ien of twa aaien. Beide âlders briede en fuorje de jonge fûgels.

Leefgebiet

Gieltoefspjochten libje yn in breed spektrum fan bosktypes, lykas savannes, plantaazjes en boskeftige gebieten oant tunen yn doarpen mei in soad beammen. Op it Maleizysk skiereilân en op Sumatra is de soarte beheind ta it heuvel- en berchlân tusken de 800 en 1400 m (Sumatra) oant boppe 900 m yn (Maleizje). Dêr ferfangt de ''Picus puniceus'' de gieltoefspjocht yn legere dielen. Yn Tailân, Fjetnam en Sry Lanka komt de soarte fan leechlân oant op in hichte fan 1800 m foar. Yn Sikkim en Nepal is de fûgel oant in hichte fan 2100 m te finen.

Status

Unbekend is hoe grut de popelaasje is. De soarte wurdt lykwols as lokaal frij algemien beskreaun. Op de Reade list fan 'e IUCN hat de fûgel de status net bedrige.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside de:Gelbhaubenspecht (ferzje fan 28 desimber 2023)


    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.