Lyts Grins is in buorskip yn de gemeente Opsterlân, yn 'e himrik fan Wynjewâld. Lyts Grins leit noardeastlik fan Donkerbroek oan de N381 nei Wynjewâld.
De Opsterlânske Kompanjonsfeart makket yn Lyts Grins nei de brêge in heakse hoeke. Der stiet noch in âld molkfabryk, dy't al sûnt 1967 net mear brûkt wurdt. Hy is ûntstien as "turfstekkersdoarp" mei arbeiders út Grinslân. De namme komt ek foar as Klein Groningen.
De buorskip wurdt yn twaen spliten troch de N381. Mei de takomstige ferlizzing fan de wei komt der ek wer romte foar de buorskip om in gehiel te foarmjen. De buorskip is benammen bekend troch de earste trajektkontrole fan Nederlân dy't dêr delsetten is.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Opsterlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean • Beetstersweach • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld | ||
Buorskippen: Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden | ||
wizigje |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.