Anatoalje (Turksk: Anadolu, Gryksk: Ἀνατολία) en Lyts-Aazje binne nammen foar it skiereilân yn it uterste westen fan Aazje dat tsjintwurdich it Aziatyske part fan Turkije beslacht. De namme Anatoalje komt fan it Grykske wurd foar opkommende sinne oftewol it easten. De Romeinen neamden it gebiet Asia Minor wat Lyts Aazje betsjut om it te ûnderskieden fan it grutte Aazje. Under beide nammen stiet it gebiet al tûzenen jierren bekend.
Geografy
Anatoalje wurdt karakterisearre troch hege berchen dêr't lânklimaat hearsket, lâns de kusten leit leechlân mei in mediterraan klimaat.
Op it skiereilân komen geregeldwei ierdskoddingen foar. Dwers troch Anatoalje rint in breukensysteem yn de rjochting súdwest-noardeast. It foarmet de begrinzing fan de Arabyske plaat yn it easten en de Anatolyske/Turkske plaat yn it westen. Troch de noardwaartse beweging fan de Arabyske plaat treden der yn dat breukgebiet foaral horizontale ferskowingen op yn de ierdkoarste, dêr't spanning troch opboud wurdt dy't him ûntlaad yn de foarm fan ierdskoddings.
Skiednis
Yn de rin fan tûzenen jierren hawwe ferskate folken en kultueren harren ynfloed op it gebiet útoefene, bygelyks de Hattjers, de Hittiten, de Griken, de Romeinen, de Byzantinen, de Seltsjoeken, de Osmanen, de Koerden, de Kelten (Galaten), de Armeenjers, de Aramejers en de Turken. Anatoalje wurdt ek wol neamd as plak dêr't alderlei folken wei kamen, lykas de Etrusken en de Yndo-Jeropeanen.
Tiidsline Anatoalje
- Çatal Hüyük 6500-3000 f.Kr.
- Hacilar 6500-5000 f.Kr.
- Iere brûnstiid 3000-2000 f.Kr. (Alaca Hüyük 2500-2300 f.Kr.)
- Middenbrûnstiid 2000-1700 f.Kr.
- Lette brûnstiid 1700-1200 f.Kr.