Lyon
Foar: Katedraal fan LyonDerboppe: Basilyk fan FourvièreDerneist: Metalen toer fan Fourvière
Foar: Katedraal fan Lyon
Derboppe: Basilyk fan Fourvière
Derneist: Metalen toer fan Fourvière
Polityk
Lânflagge fan Frankryk Frankryk
RegioRhône-Alpes
Sifers
Ynwennertal474.946 ynwenners (2008)
Oerflak47,87 km² (sûnder stêdekloft)
Befolkingsticht.9.922 km² (sûnder stêdekloft)
Stêdekloft1.348.832 ynwenners (2008)
Hichte170 m. (162–312 m.) boppe seenivo
Oar
Postkoade69001–69009
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Offisjele webside
www.lyon.fr

Lyon is in stêd yn it easten fan Frankryk en leit op it plak dêr't de rivieren de Rhône en de Saône tegearre komme.

Lyon is it bestjoerlike sintrum fan de regio Rhône-Alpes en fan it departemint Rhône en sit fan de ynternasjonale plysje-organisaasje Interpol. De bûtenwiken meirekkene is it op Parys nei de grutste stêd fan Frankryk. Sûnt 1998 stiet de historyske binnenstêd op 'e list mei Wrâlderfgoed fan de UNESCO.

It biedwurd fan de stêd is: "Avant, avant, Lion le melhor!" (Provinsaalsk: Foarút, foarút, Lyon it bêst!)

Stêdsbyld

De stêd wurdt oerhearske troch twa heuvels, Fourvière en Croix-Rousse, dy't foan inoar skieden binne troch de ingte fan de Saône (Pierre Scize). Yn de 19e iuw waarden se troch Michelet respektivelik "de biddende heuvel" en de "wurkjende heuvel" neamd. Op de Fourvière stiet de basilyk fan Fourvière. De heuvel fan Croix-Rousse dêrfoaroer hiel wat arbeidershúskes wêryn side bewurke waard. De sideyndustry fan Lyon hat in ryk ferline.

Yn Vieux-Lyon en Croix-Rousse binne ferskate 'traboules', smelle gonkjes, dy't bylâns rinnende strjitten mei inoar ferbine. Dy gongen rinne fia de binnenplakken fan wenblokken.

Tusken de rivieren Rhône en Saône, op it saneamde 'presqu'île' (skiereilân), let it place Bellecour, it tredde plein fan Frankryk, nei de Place des Quinconces yn Bordeaux en Place de la Concorde yn Parys, mei in ôfmjitting fan 310 by 200 meter. It plein is ek grutter as de pleinen fan Zócalo yn it Historysk Sintrum fan Meksiko-stêd of it Reade Plein yn Moskou. Midden op it plein stiet in stânbyld fan Loadewyk XIV op in hynder.

Lofts yn de wâl binne twa finsters te sjen fan it Gallysk-Romeinsk museum.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.