Lyndon B. Johnson
politikus
echte nammeLyndon Baines Johnson
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum27 augustus 1908
berteplakStonewall (Teksas)
stjerdatum22 jannewaris 1973
stjerplakStonewall (Teksas)
etnisiteit Dútsk
Ingelsk
Ulstersk
partijDemokratyske Partij
prizenPres. Frijheidsmedalje 1980
Presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade19631969
foargongerJohn F. Kennedy
opfolgerRichard Nixon
Fise-presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade19611963
foargongerRichard Nixon
opfolgerHubert Humphrey
Foarsitter fan 'e Demokratyske fraksje
yn de Amerikaanske Senaat
amtsperioade19531961
foargongerErnest McFarland
opfolgerMike Mansfield
Amerikaansk senator foar Teksas
amtsperioade19491961
foargongerW. Lee O'Daniel
opfolgerWilliam A. Blakley
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
(foar it 10de Distrikt fan Teksas)
amtsperioade19371949
foargongerJames P. Buchanan
opfolgerHomer Thornberry

Lyndon B. Johnson, folút: Lyndon Baines Johnson; ek wol bekend ûnder syn inisjalen LBJ (Stonewall (Teksas), 27 augustus 1908 – dêre, 22 jannewaris 1973), wie in Amerikaansk steatsman fan mingd Ingelsk-Ulstersk-Dútsk etnysk komôf. Hy wie lid fan 'e Demokratyske Partij, en wie fan 1963 oant 1969 de 36ste presidint fan 'e Feriene Steaten.

Libben

Jonkheid, oplieding en famylje

Johnson waard berne op it plattelân fan 'e súdlike steat Teksas, as de soan fan Samuel Ealy Johnson jr., in boer dy't seis terminen lang yn it Teksaanske parlemint sitten hie, en dy syn frou Rebekah Baines. Hy groeide op yn in gesin mei ien broer en trije susters. Syn oplieding genoat er û.m. oan 'e Steatsuniversiteit fan Teksas, te Austin. Hy stie yn ferskate skoallen foar de klasse, wêrûnder in segregearre skoalle foar Meksikaanske bern yn Cotulla, in ûnderfining dy't him nei eigen sizzen beynfloede om 'e polityk yn te gean.

Op 17 novimber 1934 troude er mei Claudia Alta Taylor, better bekend ûnder har bynamme "Lady Bird", dy't ôfkomstich wie út Karnack (Teksas). Hja krigen twa dochters, Lynda Bird Johnson (1944) en Luci Baines Johnson (1947). (Johnson hie it foar de moade om syn bern en húsdieren, lykas syn hûn Little Beagle, nammen te jaan mei de inisjalen fan syn frou.)

Iere politike karriêre

Fan 1937 oant 1949 wie Johnson lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, en fan 1949 oant 1961 fan 'e Amerikaanske Senaat. Hy wie acht jier lang de lieder fan 'e senaatsfraksje fan 'e Demokratyske Partij. Yn 1960 stelde er him kandidaat by de Demokratyske foarferkiezings foar it Amerikaanske presidintskip, mar ferlear it fan John F. Kennedy. Hoewol't de beide mannen eins net mei-inoar oer de wei koene, waard Johnson dochs troch Kennedy frege om syn running mate (fise-presidintskandidaat) te wurden, mei't er Johnson syn ynfloed yn it Amerikaanske Suden brek wie om 'e ferkiezings te winnen. Nei't Kennedy by de ferkiezings fan 1960 de Republikeinske kandidaat Richard Nixon ferslein hie, wie Johnson sadwaande fan 1961 oant 1963 fise-presidint. Syn gearwurking mei John F. Kennedy en dy syn broer Robert Kennedy, de ynfloedrike minister fan Justysje, ferrûn tige stroef.

Presidintskip

Op 22 novimber 1963 rekke John F. Kennedy dea by in moardoanslach yn it Teksaanske Dallas. Fise-presidint Johnson siet op dat stuit yn 'e auto dy't efter de presidinsjele limûsine oan kaam, en seach it foar syn eagen barren. Noch deselde deis waard er, suver ear't Kennedy goed en wol stoarn wie, yn it presidinsjele fleantúch Air Force One ûnderweis werom nei Washington, D.C., ynsward as de 36ste presidint fan 'e Feriene Steaten, in amt dat er fan 1963 oant 1969 ferfolle. Johnson is ien fan mar fjouwer Amerikaanske politisy dy't sawol lid fan it Hûs fan Offurdigen, senator, fise-presidint as presidint west hawwe. Hy makke Kennedy syn termyn fol, en wûn dêrnei mei oermacht de presidintsferkiezings fan 1964, wêrby't er de Republikein Barry Goldwater fersloech. As syn fise-presidint keas er senator Hubert Humphrey fan Minnesota.

As presidint wie Johnson ferantwurdlik foar it ûntwerpen fan 'e Great Society-wetjouwing, dêr't wetten ta hearden dy't muoid wiene mei boargerrjochten, de publike omrop, sûnenssoarch, miljeubeskerming, ûnderwiis en Johnson syn hobbelhynke, de War on Poverty ("Oarloch tsjin 'e Earmoede"). Hy stie bekend om syn oerhearskjende persoanlikheid en it jaan fan 'e saneamde "Johnson-behanneling", wêrmei't er Amerikaanske kongresleden besocht te yntimidearjen om foar syn wetten te stimmen. Johnson syn oantins is lykwols it meast ferbûn mei de Amerikaanske belutsenens by de Fjetnamoarloch, dy't hy útwreide fan 16.000 Amerikaanske "adviseurs" yn 1963 oant 550.000 man gefjochtstroepen yn begjin 1968. Al rillegau kamen de Feriene Steaten yn Fjetnam fêst te sitten yn in útsichtleaze oarloch, en wat mear Amerikaanske soldaten oft yn lyksekken weromkamen, wat fierder oft Johnson syn populariteit yn it neigean rekke. Der kaam yn 'e Feriene Steaten in grutte en poerlulke anty-oarlochsbeweging op, dy't Johnson net inkeld de Amerikaanske ferliezen yn 'e oarloch persoanlik oanrekkene, mar teffens de withoefolle deaden ûnder de Fjetnameeske boargerbefolking. "LBJ, how many kids did you kill today?" ("LBJ, hoefolle bern hast hjoed wer deamakke?"), waard der by de demonstraasjes skandearre.

Lyndon B. Johnson by in fraach-petear yn 1972, mei langer hier en bakkeburden.

Fan 1965 ôf fûnen der ûnder Johnson syn regear by 't simmer grutskalige opskuorren yn 'e grutte stêden fan Amearika plak, en de misdiesifers sketten de hichte yn. Dêrmei waard Johnson yn in ûnmooglike posysje brocht: as er mei hurd optreden fanwegen kaam, waard er ferhune troch de – fierhinne Demokratyske – anty-oarlochsbeweging; en as er neat die, foelen de Republikeinen him oan fanwegen syn brekme oan liederskip. By de presidintsferkiezings fan 1968 rekke de Demokratyske Partij ferdield yn in fjouwer ûnderskate faksjes dy't mear ûnderling deilis wiene as dat se har tsjin 'e Republikeinen oankanten. Nei't er it by foarferkiezing yn Nij-Hampshire tige min dien hie (en ek om't er yn siet oer syn minder wurdende sûnens, al waard dat geheim holden), naam Johnson op 31 maart de foar Amerikaanske begripen skokkende beslissing om as sittende presidint dy't noch in termyn regearje mocht, dêr ynstee fan ôf te sjen en him werom te lûken út 'e foarferkiezings. Dêrtroch en troch de moard, letter dat jiers, op Robert Kennedy, waard fise-presidint Hubert Humphrey de Demokratyske presidintskandidaat fan 1968. Mar de partij koe net oer de ynterne ferdieldheid hinne komme, dat it slagge de Republikein Richard Nixon mei gemak om 'e ferkiezings te winnen.

Lettere jierren en dea

Nei't er yn jannewaris 1969 it presidintskip oerdroegen hie oan Nixon, loek Johnson him werom op syn ranch yn it Teksaanske Stonewall, dêr't er him wijde oan buorkjen en it skriuwen fan syn memoires. By de presidintsferkiezings fan 1972 stipe er tsjin wil en tank de Demokratyske senator George S. McGovern fan Súd-Dakota, al koed er net mei de man, en lieken syn ideeën Johnson wol nei fleanen. Fan 1970 ôf kampe er mei gewichts- en hertproblemen. Hoewol't er op in dieet gie en fluch gewicht ferlear, joech er syn smoken net op. Yn april 1972 krige er in swiere hertoanfal en neitiid hied er frijwol eltse middei slimme pine yn it boarst. By ûndersyk die bliken dat twa fan syn hertieren frijwol ferrinnewearre wiene en dat syn tastân te fier hinne wie om noch oan operearre wurde te kinnen. Johnson stoar op 22 jannewaris 1973, yn 'e âldens fan 64 jier, oan in swiere hertoanfal, thús op syn ranch yn Stonewall, dêr't er ek begroeven waard.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.