Ludzeferwulft fan de parochytsjerke fan Königswiesen yn Eastenryk

In ludzeferwulft is in type ferwulft, dy't lokaal benammen yn dielen fan Saksen en Bohemen foarkomt. It ferwulft ûntstie yn 'e lette gotyk en wurdt foarme troch de ribben yn ludzen oer inoar hinne te lizzen.

Bekende foarbylden binne de ludzeferwulften fan de parochytsjerken yn Annaberg, Kutná Hora en Königswiesen of yn de Albrechtsburg yn Meißen en de Slotkapel fan it residinsjeslot fan Dresden.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ludzeferwulften fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.