Luciano Pavarotti
sjonger en/of muzikant
Pavarotti yn Sint-Petersburch, maaie 2003
Pavarotti yn Sint-Petersburch, maaie 2003
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteitflagge fan Itaalje Italjaansk
berne12 oktober 1935
berteplakModena
stoarn6 septimber 2007 (71 jier)
stjerplakModena
wurkpaad
sjenreklassyk, crossover (muzyk)
sjongtaalfoaral Italjaansk
jierren aktyf1961-2006
Elton John mei Luciano Pavarotti yn Modena, 1996

Luciano Pavarotti (Modena, 12 oktober 1935 – dêre, 6 septimber 2007) wie in Italjaansk klassyk sjonger, en ien fan de meast ferneamde operasjongers yn de wrâld. Ek oer de grinzen fan opera en klassike muzyk hinne wurdt er beskôge as ien fan de wichtichste tenoaren fan alle tiden. As lid fan de Trije Tenoaren en duëtpartner fan in protte popartysten waard Pavarotti in superstjer. Hy brûkte syn ferneamdens ek foar benefytkonserten. Yn syn karriêre ferkocht er mear as 26,1 miljoen platen. Luciano Pavarotti's meast súksesfolle release is it album The Three Tenors in Concert, dêr't likernôch 7,2 miljoen stiks fan ferkocht waarden.

Libben en wurk

Jonkheid

Pavarotti wie de iennige soan fan bakker Fernando Pavarotti en Adele Venturi, arbeidster yn it pleatslike tabaksfabryk. As bern hold er mear fan fuotbal as fan muzyk en syn earste (lokale) bekendheid krige er as lid fan in pleatslike fuotbalklup.

Sjonge die er foar it earst yn in pleatslik tsjerkekoar, tegearre mei syn heit, dy't sljocht op opera wie en sels in fertsjinstlik amateurtenoar wie. Doe't dat "Rossini Mannenkoar " de earste priis wûn yn de Llangollen International Singing Competition yn Wales, besleat de jonge Luciano om him folslein oan de muzyk te wijen.

Karriêre

Pavarotti mei Joan Sutherland yn I puritani (1976)

It offisjele debút folge op 29 april 1961, doe't er Rodolfo, ien fan de grutte, klassike tenoarrollen yn Giacomo Puccinis La Bohème, fertolke yn it operateäter fan Reggio Emilia. Nei dat sukses yn Italië folgen engazjeminten yn Amsterdam, Wenen, Zürich en Londen elkoar yn heech tempo op. Yn 1965 makke er yn Miami syn Amerikaanske debút, mei tsjinspylster Joan Sutherland yn Gaetano Donizetti's Lucia di Lammermoor - it begjin fan wat útgroeie soe ta in histoarysk partnerskip.

De trochbraak by it Amerikaanske publyk folge sân jier letter, op 17 febrewaris 1972, doe't er elk ferwûndere mei it sûnder muoite te dwaan, sa't it like, heljen fan de hege noaten yn Donizetti's La fille du régiment yn de Metropolitan Opera yn New York. Telefyzje-optredens wiene fan dat stuit ôf wol hast oan de oarder fan de dei.

Pavarotti sleepte yn syn karriêre tal fan Grammy Awards yn 'e wacht en hy grossierde yn platina en gouden platen. Foar it grutte publyk waard er in wiére wrâldstjer doe't de útfiering fan de aria 'Nessun dorma' út Turandot fan Puccini brûkt waard as werkenningsmelody fan it wrâldkampioenskip fuotbaljen 1990. Yn de jierren njoggentich waard Pavarotti fierder bekender troch syn goed besochte iepenloftkonserten. Syn op 'e telefyzje útstjoerd konsert yn it Hyde Park yn Londen wie it earste konsert yn de skiednis fan it park mei klassike muzyk en hie in opkomst fan hast 150.000 minsken. Yn juny 1993 wiene der mear as 500.000 harkers by syn konserten yn it Central Park yn New York, wylst miljoenen fia de telefyzje meiseagen. Yn septimber fan datselde jier song er by de Eiffeltoer yn Parys foar sa'n 300.000 minsken.

Pavarotti syn ferneamdste optreden is dat fan 'De Trije Tenoren': Pavarotti yn 'e mande mei José Carreras en Plácido Domingo. Fan de opnames en fideo's fan dit konsert giene de ferkeapsifers dy fan in Michael Jackson, Elvis Presley en de Rolling Stones te boppe.

Pavarotti song foar it lêst yn it iepenbier, doe't er op 10 febrewaris 2006, by de iepening fan de Olympyske Winterspullen yn it Italiaanske Turyn, syn leafste aria 'Nessun dorma' útfierde.

Film en telefyzje

Pavarotti syn útstapke foar ien kear nei de wrâld fan de film, in romantyske komeedzje mei de titel Yes, Giorgio (1982), waard troch de kritisy planút delsabele. Hy kaam der lykwols folle better út yn Jean-Pierre Ponnelle syn adaptaasje foar telefyzje fan de opera Rigoletto, ek út 1982, of yn de mear as 20 live operafoarstellingen dy’t tusken 1978 en 1994 foar de telefyzje opnaam waarden, de measte dêrfan yn it Metropolitan Opera, sawat allegearrop dvde beskikber .

De ein

Yn july 2006 waard by Pavarotti alfleisklierkanker fêststeld. Hy waard operearre en krige dêrnei fiif gemoterapykueren. Ein fan de simmer waard syn tastân slimmer en moast er nei it sikehûs. Nei syn ûntslach waard er thús, yn Modena, troch famylje en freonen fersoarge. Begjin septimber 2007 gie syn sûnens hurd tebek. Ungefear tagelyk makke de Italjaanske regearing bekend dat oan Pavarotti as earste in spesjiale, nije ûnderskieding takend wie foar syn promoasje sûnder wjergea fan de Italjaanske kultuer.

Op 6 septimber 2007 stoar Pavarotti. Syn lichem waard oerbrocht nei de katedraal fan Modena, dêr't it publyk ôfske fan him nimme koe foarôfgeand oan syn begraffenis op 8 septimber 2007. De útfeartmis, dêr't de Italjaanske premier Romano Prodi by oanwêzich wie, waard laat troch kardinaal Tarcisio Bertone, steatssekretaris fan it Fatikaan. De Italjaanske tenoar Andrea Bocelli song Mozarts Ave Verum Corpus en der waard in fideo sjen litten fan it Panis angelicus ('Brea fan de ingelen'), dat Pavarotti sels, tegearre mei syn heit Fernando, yn 1978 yn deselde katedraal songen hie. De oanwêzigens fan tûzenen bewûnderers, politisy, ferneamde lju lykas de tenoaren Plácido Domingo en José Carreras, U2-sjonger Bono, earder FN-sekretaris-generaal Kofi Annan en tal fan telefyzjekamera's makken dat it barren in soad weihie fan in steatsbegraffenis. It stuntteam Frecce Tricolori fan de Italjaanske loftmacht skreau de Italiaanske trijekleur yn de loft by it fleanen oer de katedraal. De sjonger waard yn besletten rûnte beïerdige tichtby earder ferstoarne famyljeleden, dêr't ûnder oare sy âlden en deaberne soantsje Ricardo by wiene, op in tsjerkhôf tichtby syn hûs yn Modena.

Yn oktober 2007 waard de opera yn Modena omdoopt ta Teatro Comunale Luciano Pavarotti.

Famylje

It grêf fan Pavarotti en syn famylje yn Modena

Pavarotti liet fjouwer bern efter: Lorenza (1962), Cristina (1964) en Giuliana (1967) (alle trije fan syn earste frou Adua Veroni, mei wa't er 34 jier troud wie) en de yn jannewaris 2003 berne Alice (fan syn twadde frou Nicoletta Mantovani, dy't 10 jier syn persoanlike assistinte wie foar't se yn 2003 mei him troude). Alices twillingbroer Ricardo ferstoar by de berte. Yn april septimber 2002 waard de maestro foar it earst pake. Yn datselde jier ferstoarne Luciano's beide âlden: earst syn 86 jier âlde mem Adele Venturi Pavarotti, noch gjin fiif moannen dêrnei folge troch syn heit Fernando Pavarotti dy't 89 jier wie.

Repertoire (in kar)

  • Pietro Mascagni - L'amico Fritz, Pavarotti, Freni, Gavazzeni (1968)
  • 'O sole mio (1979)
  • Mamma (1984)
  • Passione (1985)
  • Tutto Pavarotti (1989)
  • The essential Pavarotti (1990)
  • Ti amo - greatest love songs (1993)
  • Pavarotti Plus (1997)
  • Pavarotti greatest hits - the ultimate collection (1997)
  • Luciano Pavarotti - Ti adoro (2003)

Keppelingen om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is foar fierwei it grutste part oernaam fan de Nederlânsktalige Wikipedy, Luciano Pavarotti
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.