State of Louisiana
État de Louisiane
Vlag van Louisiana Zegel van Louisiana
Ofkoarting LA
Haadstêd Baton Rouge
Tiidsône -6
Algemien
Oerflakte 134.382
Befolking 4.515.750
Oare ynformaasje
Tatreden 30 april 1812
Oantal countys 64 parishes.

Louisiana is in steat yn de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Baton Rouge.

Skiednis

Eartiids waard it gebiet befolke troch Yndianestammen as de Choctaw. De earste Jeropeanen dy't foet oan wâl setten wienen de leden fan in ekspedysje laat troch de Spanjert Pánfilo de Narváez. Yn 1528 ûntdekken sy de mûning fan de rivier de Mississippy. De Spanjerts hiene amper niget oan de regio.

Nei de Spanjerts ferskine de Frânsken ûnder Robert Cavelier de La Salle yn 1681 dy't oan it gebiet de namme joech fan de Frânske kening Loadewyk XIV.

Yn dy tiid wie Louisiana folle grutter as tsjintwurdich. De rivier de Mississippy foarmde it hert fan in territoarium, dat oant en mei de hjoeddeiske noardgrins mei Kanada rikte. Om 1760 hinne ferlearen de Frânsken it meastepart oan Spanje. Yn 1800 krige Frankryk, dat doe regeard waard troch Napoleon Bonaparte, it territoarium werom, om it yn 1803 oan de Feriene Steaten te ferkeapjen, in transaksje dy't bekend wurden is as de Louisiana Purchase. Op 30 april 1812 waard Louisiana de 18e steat fan de Feriene Steaten.

Yn de Amerikaanske Boargeroarloch stie Louisiana oan de side fan Konfederaasje.

Geografy

De steat Louisiana is 134.382 km² grut en heart ta de Sintrale tiidsône.

Louisiana leit oan de Golf fan Meksiko en grinzet yn it noarden oan de steat Arkansas, yn it westen oan Teksas en yn it easten oan Mississippy.

Lânkaart fan Louisiana út 1921

De wichtichste rivier is de Mississippy, dy't in grut part foarmet fan de grins mei de steat mei deselde namme en mûnet 150 km New Orleans foarby yn de Golf fan Meksiko. Yn de steat lizze in grut tal grutte en lytske marren, wêrûnder Lake Pontchartrain, it Toledo Bend Reservoir, Grand Lake en White Lake. Fierders hat Louisiana in protte eilannen, lykas Marsh Island en de Chandeleur Islands.

It heechste punt fan de frij flakke steat is de pyk fan Driskill Mountain (163 m). In grut part fan de kustgebiet bestiet út sompen.

Demografy

De steat Louisiana hat twa offisjele talen, Ingelsk en Frânsk.

De blanke Frânsksprekkende ynwenners fan Louisiana binne ôfstammelingen fan de kolonisten dy't yn 1604 in koloanje stiften yn Port Royal, Akaadje, yn it hjoeddeiske Kanada. Dizze groep dy't harren Akadians neamden waarden yn 1755 troch de Britten ferbanne en kamen foar it meastepart yn it suden fan Louisiana terjochte. It wurd 'Akadian' waard yn de rin fan de tiid ferbastere ta Kajun.

Keppeling om utens

 
             Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama Alaska Arizona Arkansas Delaware Fermont Firginia Floarida Georgia Hawaï Idaho Illinois Indiana Iowa Kalifornje Kansas Kentucky Kolorado Konettikut Louisiana Maine Marylân Massachusetts Michigan Minnesota Mississippy Missoery Montana Nebraska Nevada Nij-Hampshire New York Nij-Jersey Nij-Meksiko Noard-Dakota Noard-Karolina Ohio Oklahoma Oregon Pennsylvania Rhode Island Súd-Dakota Súd-Karolina Teksas Tennessee Utah Washington West-Firginia Wyoming Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen Amerikaansk-Samoä Gûam Noardlike Marianen Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.