Louis-Ferdinand Céline, skûlnamme fan Louis Ferdinand Destouches, (Courbevoie, 27 maaie 1894 - Meudon, 1 july 1961) wie in Frânsk skriuwer en arts.
Céline wie de famkesnamme fan syn mem. Yn syn libben publisearre er acht romans, fjouwer pamfletten, in toanielstik en in stikmannich balletten. Nei Marcel Proust is er de meast oersette Frânske auteur fan de 20e iuw. Yn syn literêre wurk bringt er it nihilisme en pasifisme by elkoar. Hy skreau yn in libbene (koartswillich-iroanyske) styl. Céline is striderij oer, meidat er tusken 1937 en 1941 in tal antisemityske wurken publisearre (Bagatelles pour un massacre, yn 1938 L'École des cadavres), dy't yn de Twadde Wrâldkriich en yn oktober 2008 fannijs printe waarden.
Sjoch ek
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.