George Gordon Byron (Londen, 22 jannewaris 1788 – Mesolongi, 19 april 1824), better bekend as Lord Byron, wie in Ingelsk skriuwer en dichter. Syn ynfloed op de Jeropeeske dichtkeunst, muzyk, literatuer, opera en skilderkeunst wie enoarm, hoewol't it boargerdom in moreel ôfgriis fan him hie. Syn bekendste wurk is Childe Harold's Pilgrimage.
Yn "Childe Harold's Pilgrimage" út 1812 ferskynt foar it earst de saneamde 'Byroanyske helt' (Byronic hero), in wjerspegeling fan Byron sels. Childe Harold is in mankelike jongfeint, dy't nei in lossinnich libben ôflieding siket yn útlânske reizen. Hy beskriuwt de reizen en ferbynt dêr syn prakkesearjen oer it ferline mei. De 'Byronic hero' hat alle noflikens fan it libben meimakke en is no oertsjûge fan har legens. Dit 'Byronisme' is in soad neifolge yn de Jeropeeske (romantyske) literatuer, yn Nederlân ûnder oaren by Nicolaas Beets, Adriaan van der Hoop Jr. en Petrus Augustus de Génestet.
Byrons masterwurk is Don Juan (1819-1824), in net foltôge ferheljende satire fan sechtjin sangen. It is in griemmank fan earnst, synisme en humor, wêryn yn de lêste sangen Britske sosjale tastannen hikkele wurde.
Wichtich wurk
- Hours of Idleness (1807)
- English Bards and Scotch Reviewers (1809)
- Childe Harold's Pilgrimage, Cantos I & II (1812)
- The Giaour (1813)
- The Bride of Abydos (1813)
- The Corsair (1814)
- Lara, A Tale (1814)
- Hebrew Melodies (1815)
- The Siege of Corinth (1816)
- Parisina (1816)
- The Prisoner of Chillon (1816) )
- The Dream (1816)
- Prometheus (1816)
- Darkness (1816)
- Manfred (1817)
- The Lament of Tasso (1817)
- Beppo (1818)
- Childe Harold's Pilgrimage (1818)
- Don Juan
- Mazeppa (1819)
- The Prophecy of Dante (1819)
- Marino Faliero (1820)
- Sardanapalus (1821)
- The Two Foscari (1821)
- Cain (1821)
- The Vision of Judgment (1821)
- Heaven and Earth (1821)
- Werner (1822)
- The Age of Bronze (1823)
- The Island (1823)
- The Deformed Transformed (1824)
Keppeling om utens
It wurk fan Byron is te lêzen op ferskate siden fan it Projekt Gutenberg: