De Looxmagrêft is ien fan de stedsgrêften fan de stêd Snits en ek de namme fan de neistlizzende strjitte. In diel fan grêft stiet op de ryksmonumintelist.

De kaai fan de grêft stiet op de list fan monuminten om har bysûndere boustyl en har harmonij mei de omjouwing. De giele bakstienen dêr't de kaai fan makke is, wurdt by elkoar hâlden troch ynmitsele izeren profilen. Soksoarte muorre hjit in trôchmuorre en is unyk yn syn soarte. De grêft foarmet de grins tusken de binnenstêd en de wyk Noardeasthoek.

Oan de strjitte neist de kaai leit de Baanderstimpel.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.