London Keyes
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
echte nammeCora Birdwell
nasjonaliteit Amerikaansk
berne18 augustus 1989
berteplakSeattle (Washington)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Japansk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, fetysjmodel
stripper, pornoaktrise
prostituee
jierren aktyf20082021
offisjele webside
www.londonkeyes.com

London Keyes, echte namme: Cora Birdwell (Seattle, 18 augustus 1989), is in Amerikaansk neakenmodel, fetysjmodel, stripper, pornografysk aktrise en prostituee fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Japansk etnysk komôf. Har artystenamme wurdt soms ek wol misstavere as 'London Keys'. Keyes sette yn 2008 útein mei har karriêre yn 'e pornoyndustry en hat sûnt witwat populariteit en in grutte skare fans witten te winnen.

Libben en karriêre

London Keyes waard yn 1989 berne yn Seattle, yn 'e steat Washington. Yn 2008, doe't se 19 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as 260 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Vivid Entertainment, Red Light District, Evil Angel, Jules Jordan Video, Digital Sin, Diabolic Video, Wicked Pictures, Elegant Angel, New Sensations, Hustler Video, Sin City, Penthouse, Adam & Eve, ClubJenna, Zero Tolerance, Digital Playground, Shane's World, Anabolic Video en Devil's Film. Fierders hat Keyes ek wol wurke foar minder bekende filmstudio's, lykas West Coast Productions, Pure Play Media en Third Degree Films. Teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornosites op it ynternet, wêrûnder Brazzers, Muffia en Kink.com.

Keyes wurke ferskate kearen gear mei regisseur Jonni Darkko, dy't yn 2011 spesjaal mei har yn 'e haadrol de film L for London makke (útbrocht by Evil Angel). Fierders hat Keyes ek ferskate kearen gearwurke mei akteur, regisseur en produsint Mike Adriano, en wie se yn ynterrasiale sênes te sjen mei akteur Lexington Steele, û.m. yn L for London. Har earste anale sekssêne die Keyes ek yn L for London, mei kollega-aktrise Asa Akira, dy't ek fan Japansk etnysk komôf is, en akteur Manuel Ferrara. Underwilens is Keyes al fiif kear nominearre wurden foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld). Njonken har aktearwurk is Keyes ek aktyf as stripper, wêrby't se as feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns reizget. Fierders posearret se ek geregeldwei as neakenmodel foar manljusblêden.

Lichaamlike skaaimerken

Keyes is fan mingd etnysk komôf, mei sawol Angelsaksysk Amerikaansk as Japansk bloed. Neffens har offisjele opjefte is se 1.63 m lang, mei in gewicht fan 59 kg, en in natuerlike kupmaat 34D. Har hier is brún. Keyes hat ek ferskate tatoeaazjes, wêrûnder in sweltsje op elts skouderblêd, in blommemotyf oer de lofterside fan har boppeliif, in blom ûnder har lofterboarst en in lyts hertsje oan 'e binnenkant fan har lofterpols. Fierders hat se in earsgewei yn 'e foarm fan in tribal-tatoeaazje boppe har stuten. Piercings hat Keyes troch har lofternoaswjuk, har tonge, har ûnderlippe, beide spiennen en har nâle.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2010 AVN Award nominearre bêste lesbyske groepsekssêne (mei Alyssa Hall, Tanner Mayes, Nicole Ray en Emy Reyes) Girlgasmic 02
nominearre bêste nije stjer n.f.t.
Xbiz Award nominearre nije stjer fan it jier n.f.t.
2011 Urban X Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Asa Akira en Sophie Dee) Sophie Dee's Pussy Adventures
Xbiz Award nominearre ynternet-babe fan it jier (foar LondonKeyes.com) n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne L for London
Urban X Award nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Lexington Steele) L for London
nominearre bêste triosekssêne (mei Jynx Maze en Manuel Ferrara) Jynx Maze Is a Sex Addict
nominearre bêste anale sekssêne (mei Asa Akira en Manuel Ferrara) L for London
nominearre bêste anale sekssêne (mei Kelly Divine en Lexington Steele) Kelly Divine Is Buttwoman
nominearre bêste orgastyske oraliste n.f.t.
Xbiz Award nominearre pornostjerwebside fan it jier (foar LondenKeyes.com) n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Toni Ribas en Nacho Vidal) Sexual Tension Raw and Uncut
Xbiz Award nominearre bêste sekssêne (gonzo/non-feature) (mei Toni Ribas en Nacho Vidal) Sexual Tension Raw and Uncut
2014 AVN Award nominearre publykspriis foar 'meast seksy kont' n.f.t.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.