Lofterhân
persoanlike bysûnderheden
echte nammeNiwot
oare nammeLeft Hand
berne±1825
berteplakwestlike Feriene Steaten
stoarn29 novimber 1864
stjerplakoan 'e Big Sandy Creek
   (Kolorado)
etnisiteit Súdlik Arapaho
wurkpaad
berop/amtopperhaad fan de
   Súdlike Arapaho
jierren aktyf±18501864

Lofterhân (Arapaho: Niwot, útspr.: [nɪwɔt]; Ingelske oersetting: Left Hand; ±1825 – oan 'e Big Sandy Creek (Kolorado), 29 novimber 1864), wie in opperhaad fan 'e Súdlike Arapaho, in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika.

Libben

Plakette, op it byld fan Lofterhân yn de Boulder Sculpture Garden yn Boulder (Kolorado)

Lofterhân stie bekend as in fredesstifter, en ûnder de Goudkoarts fan Kolorado, yn 1858, ferwolkomme er de blanke goudsikers op syn lân, yn 'e Delling fan de Boulder.

Yn it neijier fan 1864 joech er him mei 50 of 60 oare Súdlike Arapaho by de gruttere troep fan Súdlike Sjajinnen fan it opperhaad Swarte Tsjettel (Moketavato), dy't harren winterkamp opslein hiene binnen de grinzen fan har reservaat, by in bocht yn it streamke de Big Sandy Creek. Op 'e iere moarn fan 29 novimber waard it doarp oanfallen troch 700 man fan 'e territoriale milysje fan Kolorado, ûnder lieding fan kolonel John M. Chivington. By it dêropfolgjende Bloedbad fan Sand Creek kamen tusken de 70 en 163 Yndianen om it libben, wêrûnder Lofterhân en it meastepart fan syn Arapaho-troep.

Doe't der jierren letter lykwols berjochten giene dat Lofterhân yn it reservaat fan 'e Súdlike Sjajinnen en Súdlike Arapaho yn it Yndiaanske Territoarium (it hjoeddeiske Oklahoma) wenne, wêrûnder in krante-artikel út 1907 dat hawwe woe dat er him mei hûndert oare Arapaho ta it kristendom bekeard hie, waard der lang tocht dat er dochs de slachting by Sand Creek oerlibbe hie. Histoarysk ûndersyk hat lykwols útwiisd dat it hjir om in hiel oare, folle jongere Lofterhân (Niwot) gie, en dat dé Lofterhân nei alle gedachten wol deeglik by Sand Creek omkommen is.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.