Loenen (Apeldoarn)
Herfoarme, no Protestantske Tsjerke yn Nederlân yn Loenen
Herfoarme, no Protestantske Tsjerke yn Nederlân yn Loenen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Apeldoarn
Sifers
Ynwennertal3.385 (2021)[1]
Oar
Postkoade7370-7371
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten52° 7' NB, 6° 1' EL
Kaart
Loenen (Gelderlân)
Loenen
Kaart
Herfoarme, no Protestantske Tsjerke yn Nederlân yn Loenen
Lizzing fan Loenen yn de gemeente Apeldoarn

Loenen (Nedersaksysk: Loen) is in doarp yn de gemeente Apeldoarn yn de provinsje Gelderlân.

Loenen bestiet út twa dielen, dy't yn it ferline ûnder de nammen Lona en Sulvalda (de tsjintwurdige wyk Zilven) bekend wienen. Dy namme stammet al út 838.

Loenen wie oant 1818 in selsstannige gemeente, wêrnei't it taheakke waard by de gemeente Apeldoarn.

Fan 2 july 1887 oant 1 augustus 1950 hie Loenen in stasjon oan it spoar fan Dieren nei Apeldoarn. Tsjintwurdich is dêr in halte fan de Veluwsche Stoomtrein Maatschappij.

It besjen wurdich

  • Justjes benoarden Loenen lizze de (keunstmjittige) Loenense wetterfallen, mei it grutste hichteferskil fan Nederlân.
  • Papierfabryk de Middelste Molen oan it Apeldoarns kanaal is ien fan de trije plakken yn Nederlân dêr't noch op de âlde manier fan fodden papier makke wurdt.
  • Besúdwesten Loenen leit it bosk- en heidegebiet de Loenermark mei har skiepskoai en súdlik dêrfan de Zilvensche heide dêr't de itichbasis fan it Nederlânske lânmjitkundige trijehoeksnet stiet.
  • Yn it noardeasten fan Loenen leit Kastiel Ter Horst.
  • It Earefjild Loenen, in earebegraafplak mei slachtoffers út de Twadde Wrâldoarloch.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ad van der Meer en Onno Boonstra, Repertorium van Nederlandse gemeenten, KNAW, 2006.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.