Lodge Grass
Polityk
Lân Feriene Steaten   
Steat Montana
County Bighorn County
Sifers
Ynwennertal436 (2012)
Oerflak0,6 km² (ynkl. wetter)
0,6 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht.688,5 / km²
Hichte1.027 m
Oar
Stifting1927
TiidsôneUTC –7
SimmertiidUTC –6
Koördinaten45°18′48″N 107°22′0″W
Offisjele webside
townoflodgegrass.com
Kaart
De lizzing fan Lodge Grass yn Bighorn County en yn Montana.

Lodge Grass is doarp yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana, dat stifte is yn 1927. It leit yn Bighorn County, en makket diel út fan it Krieë Yndianereservaat (Crow Indian Reservation) fan 'e federaal erkende Krieë Stamme (Crow Tribe). Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Lodge Grass doe 436 ynwenners.

Etymology

Lodge Grass betsjut yn it Ingelsk "Tipygers"; in tipy is in Yndiaanske tinte sa't de Flakte-Yndianen dy fan âlds brûkten. It doarp is neamd nei it beekje dêr't it oan boud is. Op dit plak setten de nomadyske Krieë-Yndianen har foarhinne in hoart nei wenjen as it gers der wielderich groeide; dêrfandinne dat se de stream dêre de "Fetgersbeek" neamden. Mar de Krieske wurden foar "fet", tashe (útspr.: [taʃe:], "tasjee"), en "tipy", ashe (útspr.: [aʃe:], "asjee") lykje opinoar. Nei't in tolk de namme fan 'e beek ferkeard ferstien hie, kaam dy dus yn it Ingelsk bekend te stean as de Lodge Grass Creek, en letter krige it doarp dy namme ek.

Demografy

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Lodge Grass yn 2012 in befolking fan 436 minsken. De befolkingstichtens bedroech 688,5 minsken de km². Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Lodge Grass 8,6% âlder as 65 jier en 39,7% jonger as 18 jier. Fierders bestie 16,7% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst yn 2000 40,3% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe, ynkl. 47,4% fan 'e leeftydskategory ûnder de 18 jier.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 86,7% Yndianen; 9,6% blanken; 1,4% Latino's; 0,2% Aziaten; 2,1% oaren of fan mingd etnysk komôf. It grutste part fan 'e befolking wurdt opmakke troch etnyske Krieën (Crow).

Berne yn Lodge Grass

Stoarn yn Lodge Grass

Klimaat

Lodge Grass hat in steppeklimaat, mei hjitte simmers en koele winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 32 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 3 °C. Lodge Grass kriget jiers trochinoar 462 mm delslach.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.