Lodewijk van den Berg (Sluiskil, 24 maart 1932 - 16 oktober 2022) wie in Nederlânsk-Amerikaansk romtefarder.
Biografy
Van den Berg gie nei kostskoallen yn Rolduc en Sittard; hy helle it gymnasium-B diploma. Dêrnei sudearre er tusken 1949 en 1961 gemyske technology oan de Technyske Universiteit te Delft. Hy studearre 1961 ôf en ferhuze nei de Feriene Steaten, dêr't er fierder studearre oan de universiteit fan Delaware.
Hy lei him spesjaal ta op it 'kweken' fan kristallen, en helle yn 1974 in Ph.D. Mei syn kristallen kan gammastrieling fûn wurde. Dat waard beskôge as in spionaazjegefoelige fining; dêrom moast er Amerikaansk steatsboarger wurde; dat krige er yn 1975.
Van den Berg frege NASA at er kristallen kweke mocht by gewichtleazens. NASA betocht dat it makliker wêze soe om in kristallekweker op de lieden ta romtefarder as oarsom, en frege Van den Berg acht persoanen op te jaan. Hy koe lykwols mar sân wittenskippers betinke, dat hy sette himsels ek op de list. It fernuvere him al dat er de earste test helle. Dêrnei kaam er ek troch de twadde test en waard sa de persoan dy't meigean soe, of oars de reserve. Uteinlik waard er fan NASA keazen as romtefarder.
Van den Berg waard op 29 april 1985 lansearre oan board fan de Spaceshuttle Challenger, missy STS-51-B. Nei goed 168 oeren (7 dagen) yn de romte lâne er 6 maaie wer op ierde. Van den Berg wie oars yn it lêste stik fan de flecht yn 'e sliep fallen en waard trije minuten foar de feitlike lâning wer wekker.
Seis moanne letter gie Wubbo Ockels de romte yn, ek mei de Challenger. Dat Van den Berg is, en net Ockels, de earste yn Nederlân berne romtefarder. Wol is Wubbo Ockels de earste romtefarder dy't by syn flecht yndie de Nederlânske nasjonaliteit hie. By Van den Berg wie dat net sa omdat er lang foar de flecht mei de Challenger ta Amerikaansk steatsboarger natueralisearre wie.
It aktualiteitenprogramma Netwerk stjoerde 7 april 2004 in dokumintêre oer Van den Berg út, mei de titel De 'vergeten astronaut' .
Yn 2005 organisearre folksstjerrewacht Philippus Lansbergen yn Middelburch (Seelân) in sympoasium dêr't sawol Lodewijk van den Berg as ek astronaut André Kuipers by oanwêzich wienen. Dêr makke Van den Berg ek dúdlik dat er fan syn naturalisaasje ta Amerikaan ôf gjin Nederlânske nasjonaliteit mear hie.
Van den Berg wurke yn 2007 as chief scientist by de Constellation Technology Corporation. Hy kweekt noch alle dagen kristallen, wat er sels beskôget as in soarte fan túnkjen. Syn kristallen wurde ûnder oaren brûkt troch it Ynternasjonaal Atoomenerzjy Agintskip.
Op 28 septimber 2007 waard de planetoïde (11430) Lodewijkberg nei him ferneamd. Op 31 maaie 2013 is in byld ûntbleate ta eare fan wat Lodewijk van den Berg allegear berikt hat. Ek krige yn 2018 by de fúzje fan twa skoallen yn Terneuzen, de nije skoalle de namme Lodewijk College. [1][2]
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |