Locus | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | science fiction en fantasy | |
frekwinsje | 1x de moanne | |
bestean | 1968 – no | |
oprjochter | Charles N. Brown Ed Meskys Dave Vanderwerf | |
plak haadred. | Oakland (Kalifornje) | |
útjouwer | Locus Science Fiction Foundation | |
ISSN | 0047-4959 | |
offisjele webside | ||
www.locusmag.com |
Locus, dat as ûndertitel hat The Magazine of the Science Fiction & Fantasy Field, is in Amerikaansk tydskrift op it mêd fan science fiction- en fantasyliteratuer. It is in moanneblêd, dat sûnt syn oprjochting yn 1968 ien fan 'e wichtichste blêden wurden is fan 'e Amerikaanske science fiction en fantasy. De redaksje is fêstige yn Oakland, yn 'e steat Kalifornje. Locus docht ferslach oer publikaasjes, ynklusyf in alomfiemjende list fan nije Ingelsktalige útjeften, en it wurdt beskôge as it nijsorgaan en fakblêd fan syn sjenre. Teffens rikt it jierliks syn eigen prizen út, de Locus Awards. Sûnt 1997 bestiet der ek in semy-autonome ynternetferzje fan Locus, dy't fan Locus Online hjit.
Skiednis
Locus waard yn 1968 oprjochte troch Charles N. Brown, Ed Meskys en Dave Vanderwerf as in fan-magazine dat nijs bringe moast oer harren besykjen om 'e Science Fiction-Wrâldkonvinsje fan 1971 nei Boston ta te heljen (wat úteinlik net slagge). Oarspronklik wie it de bedoeling dat Locus nei de stimming dêroer op 'e Wrâldkonvinsje fan 1969, yn Sint-Louis, wer opdoekt wurde soe, mar Brown besleat om it blêd ynstee om te foarmjen ta in algemien tydskrift oer science fiction en fantasy.
Dêrmei waard it de direkte opfolger fan 'e desennia âlde Science Fiction Times, dy't yn 1970 opheft waard. Locus wûn in grut tal prestizjeuze Hugo Awards foar bêste fan-magazine en letter foar bêste semy-profesjonele tydskrift. Sûnt 2012 komt Locus net mear yn oanmerking foar in Hugo Award, om't doe de definysjes sa feroare binne dat it no as in profesjoneel tydskrift beskôge wurdt, wêrfoar't gjin Hugo Award bestiet. Oant 2012 hie Locus 8 kear de Hugo Award foar bêste fan-magazine wûn en 22 kear dy foar bêste semy-profesjonele tydskrift.
Charles N. Brown stie mear as 40 jier lang oan it haad fan Locus, fan 'e oprjochting, yn 1968, oant syn ferstjerren op 'e âlderdom fan 72 jier yn 2009. Under abbonees en oare lêzers bestie de eangst dat Locus mei Brown syn dea fuortkwine soe, mar it blêd kundige oan dat it op deselde foet trochgean soe, mei útfierend redaktrise Liza Groen Trombi as nije haadredaktrise. It tydskrift is no eigendom fan 'e Locus Science Fiction Foundation, in fan belesting útsûndere non-profitorganisaasje.
Ynhâld
De ynhâld fan Locus bestiet út:
- Nijs út 'e science fiction-, fantasy- en horror-hoeke (artikels oer útjouwers, prizen, konvinsjes, ferkochte rjochten, ferkochte boeken, werútjeften en persoanlik nijs oer skriuwers en oare bekende persoanen út it sjenre, lykas brulloften, berten en stjergefallen);
- Fraachpetearen mei fêstige skriuwers en nijynkommelingen (en soms ek mei redakteurs, útjouwers en omslachartysten), ornaris twa per edysje;
- Resinsjes fan nije boeken, yn 'e regel 20 oant 25 per edysje, fan 'e hân fan bekende resinsinten fan it sjenre;
- Ien of mear kollumns;
- Rapportaazjes fan oer de hiele wrâld oangeande de stân fan saken op it mêd fan science fiction en fantasy yn ûnderskate lannen;
- Listen fan nij-útkommen Amerikaanske en Britske boeken en tydskriften (eltse moanne), bestsellers (eltse moanne) en oankommende publikaasjes (ien kear yn 't fearnsjier);
- Rapportaazjes oer wichtige konvinsjes, mei in protte foto's;
- Jierlikse oersichten, mei listen fan boeken dy't oanret wurde en de fragelist fan 'e Locus Poll, dêr't tawizing fan 'e Locus Awards op basearre wurdt;
- Ynstjoerde brieven en advertinsjes.
Njonken it tydskrift sels hat Locus Press ferskate boeken publisearre, wêrûnder Fantasy: The Very Best of 2005 en Science Fiction: The Very Best of 2005.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |