Lockheed L-188 Electra | |
---|---|
| |
Rol | Passazjiersfleantúch |
Makker | Lockheed Corporation |
Earste flecht | 6 desimber 1957 |
Yn tsjinst | 1959 |
Status | Wurdt hjir en dêr noch brûkt (2014) |
Tal makke | 170 (1957–1961) |
Grutste brûkers | American Airlines, Eastern Air Lines, Braniff Airways, National Airlines en KLM |
Fariant | Lockheed P-3 Orion |
De Lockheed L-188 Electra is in ferkears- en transportfleantúch mei fan de Amerikaanske fleantúchfabrikant Lockheed. Hy wie it iennichste grutte Amerikaanske ferkearsfleantúch mei turbopropoandriuwing.
Nei American Airlines skaften ferskate oare fleanmaatskippijen de Electra oan. Yn Jeropa brûkte allinne de KLM dizze masine, de L-188c (12 stiks), fan 1959 oant 1969.
Untwerp
Lockheed sette yn 1954 út ein mei it ûntwerpen dit fleantúch. It waard een leechdekker mei fjouwer turbopropmotors mei plak foar 66 oant 98 passazjiers. Neist it orzjinele ûntwerp, de L-188A, kaam der ek in langeôfstânsferzjen, de L-188C. Totaal binne der 170 Electra's makke. Ut de Electra is de Lockheed P-3 Orion ûntwikkele, in maritym patrûljefleanmasine dy't ek troch de Keninklike Marine brûkt waard.
Spesifikaasjes
L-188A | L-188C | |
---|---|---|
Langte: | 31,80 m | 31,80 m |
Spanwiidte: | 30,18 m | 30,18 m |
Hichte: | 10,25 m | 9,77 m |
Gewicht leech: | 26.037 kg | 25.878 kg |
Maks. tartgewicht: | 51.257 kg | 52.665 kg |
Heechste faasje: | 721 km/o | 721 km/o |
Krúsfaasje: | 652 km/o | 652 km/o |
Tsjinstplafond: | 8.655 m | 9.150 m |
Fleanberik: | 4.458 km | 5.567 km |
Kapasiteit: | 3+4 bemanningsleden, 74-98 passazjiers | 3+4 bemanningsleden, 74-98 passazjiers |
Oandriuwing: | Fjouwer Allison Turboprop 501 D-13 (fan 2.800 kW) of 501 D-15 (fan 3.022 kW) | Fjouwer Allison Turboprop 501-D15, 4.050 hk (fan 2.977 kW) |
Propeller: | fjouwer blêden | fjouwer blêden |
- L188C Electra fan KLM op it fleanfjild fan Manchester, 1963
- In L-188CF fan Atlantic Airlines
- In Electra-frachtfleantúch fan NWT Air yn Vancouver, augustus 1983
Keppelings om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lockheed L-188 Electra fan Wikimedia Commons. |