Dit artikel is in stobbe oer plak en as gemeente‎.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Ljubljana
Lân Sloveenje
Ynwennertal 310.000 (2003)
Oerflak:275 km²
Webside:www.ljubljana.si

Ljubljana (Dútsk: Laibach) is de haadstêd fan Sloveenje. De stêd hat 310.000 ynwenners (2003) en leit oan de rivier de Ljubljanika.

Nijsgjirrichheden

Ljubljana is net in grutte stêd, mar hat wol in protte gebouwen dy't ít besjen wurdich binne. Yn it sintrum stean gebouwen út ferskillende tiden, út bygelyks de Renêssânse en it Klassissisme, mar ek út de moderne tiid binne moaie gebouwen te finen. De meast ferneamde bouwurken binne de trije brêgen en it kastiel "Ljubljanski Grad". Om it sintrum hinne stean fral gebouwen út de kommunistyske tiid. In protte gebouwen binne ûntwurpen troch de Sloveenske arsjitekt Jože Plečnik, dy't hat hiel neidruklik syn stimpel op de stêd printen. Gebouwen as de universiteitsbibleteek, ferskillende tsjerken, it stadion fan Ljubljana, de merke, de trije brêgen en in begraafplak binne troch him ûntwurpen,.

Ljubljana hat in eigen lofthaven: Ljubljana Lofthaven Brnik. De busmaatskippij LPP eksploitearet ferbiningen tusken it stêdssintrum en de stêdsdielen en doarpen om Ljublana hinne. De stêd wurdt ek oandien troch ynternasjonale spoarlinen út München en Feneesje wei.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.