Ljouwert-Binnenstêd
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Plak Ljouwert
Sifers
Ynwennertal6.220 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak96 ha
Oar
Koördinaten53° 12′ NB, 5° 48′ EL
De Binnenstêd fan de Achmeatoer ôf sjoen

Ljouwert-Binnenstêd is de wyk fan Ljouwert dy't bestiet út it winkelsintrum en it Stasjonskertier dat krekt bûten de âlde stêdswâlen leit. De binnenstêd hat 6.220 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).

Buerten

Yn de wyk lizze acht buerten: Nijstêd, De Waach, Aldehou, Saailân, Grutte Tsjerkebuorren, Hoek, Blokhûsplein en it Stasjonskertier.

Karakteristiken

De binnenstêd wurdt karakterisearre troch in griemmank fan âlde en nije bebouwing. Under de âlde gebouwen binne in soad monuminten. Skyline-bepalende gebouwen binne de kantoargebouwen Achmeatoer, de Averotoer, it markante koepelgebou fan de Friesland Bank en de âlde, skeansakke Aldehou. De Prinsetún is it stêdspark dat oan de noardside fan de wyk leit.

Yn it útgeanssintrum stiet skouboarch, 'De Harmonie', bioskopen, restaurants, kafees en winkels. Prostitúsje yn Ljouwert sit sawat yn it hert fan it sintrum, oan de Weaze.

It ekonomysk belang foar Ljouwert hat syn swiertepunt yn de binnenstêd.

Kriminaliteit

De Ljouwerter binnenstêd hat in hege ûnfeiligensgraad. Der wurdt sûnt 2004 dan ek preventyf fûljearre. Boppedat jildt in saneamd 'messeferbod' dat him benammen rjochtet op junks en alkoholisten. Alle wapens dy't yn de gemeente ynnommen binne, waarden oantroffen yn de binnenstêd.

Ynsidinten Binnenstêd 2004 2005 2006
iepentlike geweldpleging1229± 32
bedrigingen92105± 77
strjitrôven5389± 36
mishanneling266319± 288
wapenhannel3943± 43

Wenje

Yn de 1970-er jierren waarden inkelde kompleksen mei goedkeape huzen boud. Der binne ek in soad lytse wenten en keamers foar studinten. Mar der binne om de iuwwikseling hinne lúksere wenten kommen mei bygelyks priveeparkeargelegenheid om oanbod te kreëaren foar de midden- en hege ynkommens.

De gemeente hat him rjochte op it kreëarjen fan in nofliker libbensklimaat dêr't it winkelsintrum nij libben by ynblaasd wurde moat. Der wurdt ek omtinken jûn oan de histoaryske kant fan de grêftegurdle troch werynrjochting mei nije strjitstiennen, restauraasje fan de kaaien, oanplantsjen fan beammen en stedsbankjes.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
             Wiken en buerten yn Ljouwert
Flagge fan Ljouwert
hjoeddeistige wiken
Ald-East Aldlân-De Himrik Bilgaard-Havankpark en omkriten Binnenstêd De Súdlannen Foksepark-Helicon Frijheidswyk Heechterp-Skieringen Himpens/Tearns-Suderbuorren Huzum-West Kammingabuorren en omkriten Middelsee Nijlân-De Swette Potmargesône Sonnenborgh en omkriten Westein en omkriten
eardere wiken
Aldlân Bedriuweterrein-East Bedriuweterrein-West Kammingabuorren De Swette Faleariuskertier-Meagere Greide Flietsône Fûgelbuert-Muzykbuert Grutte Wielen-De Griene Stjer Huzum-East Oldegalileën-Blommebuert Oranjewyk Skieringen-De Sintrale Transfaalwyk-Rengerspark Tsjerk Hiddes-Cambuursterhoek
buerten
Achter de HovenAldehouAldlân-EastAldlân-WestBilgaardBlitsaerdBlommebuertBlokhûspleinBonifasiusBûtengebiet-De SwetteBûtengebiet-NoardwestBûtengebiet-WestCambuurCambuursterpaadDe Griene StjerDe HimrikDe KlampDe SintraleDe SúdlannenDe Swette I-HarnzerfeartDe Swette II-SwettehavenDe Swette III-SkinkeskânsDe Swette IV-BusinessparkDe Swette V-NewtonDe Swette VI-DeinumerpolderDe WaachDe WerpEnerzjyKampus SylsterrakFaleariuskertierFjouwerhûsterwei en omkritenFokseparkwykFrijheidswyk-EastFrijheidswyk-WestFûgelbuertGerard DoubuertGrutte TsjerkebuorrenGrutte WielenHarnzerfeart-NoardHavankparkHeechterpHeliconHoekHollanderwykHuzum-BadweiHuzum-BorniaHuzum-DoarpHuzum-SixmaJan van ScorelbuertJulianaparkKammingabuorren-MiddenKammingabuorren-NoardKammingabuorren-SúdMeagere GreideMûnepaadNijlânNijstêdOldegalileënOranjewykRapenburchRengersparkSaailânSeeheldebuertSkieringenSkipsbuertSnakkerbuorrenSonnenborghStasjonskertierSuderbuorrenTechumTransfaalwykTulpeburchWelgelegenWesteinWiardaWielenpôleYndyske BuertZamenhofpark
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.