Maria Elisabeth Georgina (Lizzy) Ansingh (Utrecht, 13 maart 1875 - Amsterdam, 14 desimber 1959) wie in Nederlânsksk keunstskilderesse.[1] Sy hearde ta de skildergroep de Amsterdamse Joffers.
Libben
Ansingh wie in dochter fan apteker Edzard Willem Ansingh en Clara Theresia Schwartze. Se wie in pakesizzer fan de keunstskilder Johann Georg Schwartze en in nichtsje fan de skilderesse Thérèse Schwartze, dy't har ek de eartste tekenlessen joech. Sy wenne sechtjin jier by har muoike, dy't har oantrune en har yn 'e kunde brocht mei in protte doetiidske skilders, ûnder oaren Frânske ympresjonisten en de Nederlânske keunstners George Hendrik Breitner, Piet Mondriaan en Simon Maris.
Fan 1894 oant 1897 besocht se de Amsterdamske Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten[2]. Dêr krige sy les fan de perfesters August Allebé, Nicolaas van der Waay en Carel Dake.
Oan de akademy ûntstie in freonerûnte fan keunstnaressen dy't letter de namme de Amsterdamse Joffers krige; it wiene de skilderessen Lizzy Ansingh, Marie van Regteren Altena, Coba Ritsema[3], Ans van den Berg, Jacoba Surie, Nelly Bodenheim, Betsy Westendorp-Osieck en Jo Bauer-Stumpff. It belang fan de Amsterdamse Joffers wie dat sy tsjinnen as rolmodel foar oare keunstnaressen yn Nederlân, fral fanôf de jierren satich fan de tweitichste iuw.[4][5]
Ansingh wie lid fan de Amsterdamke keunstrûnten Arti et Amicitiae en Sint Lucas.
Wurk
Neist it skilderjen fan portretten waard Ansingh ek beken fan it skilderjen fan poppen[6][7], ek dêr yn wer oanmoedige troch har muoike Thérèse Schwartze. Sy skildere sênes út har 18e iuwske kammenetpoppehûs, dat hja yn 1910 op in feiling kocht hie. Boppedat skreau se twa berneboekjes mei gedichten:[8] `n Vruchtenmandje, ferskynd yn 1927 en Tante Tor is jarig[9]. Dat boekje út 1950 waard yllustrearre troch Nelly Bodenheim. Njonken dat ûntwurp se boekbânen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Boarnen
|