Little Traverse Bay Yndianereservaat Little Traverse Bay Indian Reservation | ||
Utsjoch oer de haven fan Harbor Springs. | ||
polityk | ||
haadplak | Harbor Springs (Michigan) | |
stamme | Little Traverse Bay Troepen | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Michigan | |
county | Charlevoix en Emmet | |
sifers | ||
ynwenners | – (gjin gegevens) | |
oerflak | – (gjin gegevens) | |
bef.tichth. | – (gjin gegevens) | |
oar | ||
stifting | 1994 | |
tiidsône | UTC –5 | |
simmertiid | UTC –4 | |
webside | www.ltbbodawa-nsn.gov | |
kaart | ||
Yndianereservaten yn Michigan. It Little Traverse Bay Reservaat is werjûn yn read. |
It Little Traverse Bay Yndianereservaat (Ingelsk: Little Traverse Bay Indian Reservation) is it reservaat fan 'e federaal erkende Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen (Little Traverse Bay Bands of Odawa Indians). Dat is ien fan fjouwer federaal erkende stamme-organisaasjes yn 'e Feriene Steaten dy't de Ottawa-Yndianen fertsjintwurdigje. (De namme fan dy etnyske groep wurdt ek wol stavere as Odawa, benammen om betizing mei de nei dit folk ferneamde haadstêd fan Kanada foar te kommen.) It reservaat, dat yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Michigan leit, waard weroprjochte yn 1994. It haadkertier is fêstige yn Harbor Springs, dat bûten it eigentlike reservaat leit.
Geografy
It Little Traverse Bay Yndianereservaat leit oan 'e noardkust fan Neder-Michigan, oan 'e igge fan 'e Little Traversebaai. It bestiet út guon fersprate perselen lân yn Charlevoix County en it oangrinzgjende Emmet County. Der binne gjin gegevens beskikber oangeande it mienskiplike oerflak fan dy perselen, mar mei't de Little Traverse Bay Troepen pas mids 1990-er jierren úteinset binne mei it oankeapjen fan lân, kin it net botte grut wêze. It haadplak fan it reservaat is de stêd Harbor Springs, dy't bûten it eigentlike reservaat leit.
Skiednis
It oarspronklike Little Traverse Bay Reservaat waard ûnder de betingsten fan it Ferdrach fan Washington, fan 1836, en it Ferdrach fan Detroit, fan 1855, foar de Ottawa fan 'e Little Taverse Bay Troepen stifte. It besloech sa'n 870 km², en omfieme dêrmei suver de hiele kust fan 'e Little Traversebaai, ynklusyf de hjoeddeistige stêden Harbor Springs en Petoskey.
Dit reservaat waard lykwols yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw troch it Amerikaanske regear opheft. Nei in lange wrakseling mei de Amerikaanske oerheidsburokrasy wisten de Little Traverse Bay Troepen yn 1994 einlings har erkenning werom te winnen. Sadwaande waard op 21 septimber 1994 troch it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken foar de stamme it eigen Little Traverse Bay Yndianereservaat oprjochte.
Ekonomy en foarsjennings
Yn 1998 sleat it steatsregear fan Michigan (yn 'e persoan fan gûverneur John Engler) in oerienkomst mei de Little Traverse Bay Troepen, wêrby't de steat tasei en stean kânsspullen ta op it grûngebiet fan it Little Traverse Bay Reservaat, nettsjinsteande dat dêrop yn 'e rest fan 'e steat in ferbod fan krêft is. Ornaris is it sa dat reservaatlân dochs al net ûnder steatswetjouwing falt, en sokke steatsferbodden op it organisearjen fan kânsspullen dêr net jilde. Mar dat is inkeld sa by reservaten dy't al bestiene doe't yn 1988 de Wet op 'e Regulaasje fan Yndiaanske Kânsspullen oannommen waard. Jongere reservaten, lykas Little Traverse Bay, falle dêr dus net ûnder.
Mei de oerienkomst fan 1998 yn 'e hân, setten de Little Traverse Bay Troepen yn harren reservaat lykwols útein mei de bou fan in eigen kasino, it Victories Casino, dat yn 1999 iepengie. Neitiid waard dat ferskate kearen útwreide, oant it yn 2007 hielendal ferfongen waard troch it folle gruttere Odawa Casino Resort yn Petoskey, dat in flieroerflak fan goed 4.600 m² hat. It kompleks omfiemet net inkeld in kasino mei 1.200 gokautomaten en 36 rûlette- en blackjack-tafels, mar ek in sirkelfoarmige bar yn 'e midden fan it kasino en fierders in ôfsûnderlike pokerkeamer mei seis spyltafels, ferskate restaurants, in konserthal, in nachtklub (O-Zone), winkels en in lúks hotel mei 137 keamers.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |