Little River Troep fan Ottawa Yndianen
IngelskLittle River Band of Ottawa Indians
lânseigenGaaching Ziibi Daawaa Anish-
   naabe
flagge
algemiene ynformaasje
lân Feriene Steaten
steat Michigan
haadkertierManistee (Michigan)
etnisiteitOttawa
ledetal4.200 (2015)
oprjochting1994
statusfederale erkenning
erkenning Feriene Steaten
reservaat
reservaatManistee Yndianereservaat
lokaasjeNeder-Michigan
oerflak(gjin gegevens)
ynwennertal(gjin gegevens)
offisjele webside
www.lrboi-nsn.gov
kaart
Little River Troep fan Ottawa Yndianen (Michigan)
Little River Troep fan Ottawa Yndianen
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Michigan.

De Little River Troep fan Ottawa Yndianen (Ingelsk: Little River Band of Ottawa Indians; Ottawa: Gaaching Ziibi Daawaa Anishnaabe) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Michigan. Dizze stamme bestiet út etnyske Ottawa, en is fêstige oan 'e westkust fan Neder-Michigan. De Little River Troep krige yn 1994 erkenning. It haadkertier stiet yn 'e stêd Manistee.

Skiednis

De Ottawa fan 'e Little River Troep stamje ôf fan leden fan beskate Ottawa-troepen dy't oarspronklik libben oan 'e Grand River, yn it súdwesten fan Neder-Michigan, en oan 'e rivieren de Manistee en de Père Marquette, yn it noardwesten fan Neder-Michigan. De earste Jeropeänen dy't dat gebiet oandiene, wiene Frânske pelsjagers, yn 'e santjinde iuw. Under it Ferdrach fan Washington, út 1836, stiene de Ottawa it meastepart fan harren foarâlderlike wengebiet ôf foar kolonisaasje. Datselde ferdrach skoep ek it oarspronklike Manistee Reservaat, oan 'e mûning fan 'e rivier de Manistee, wêrfan't it bestean nochris bekrêftige waard troch it Ferdrach fan Detroit, út 1855. Oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw waard it reservaat lykwols troch it Amerikaanske regear opheft.

Nei in lange wrakseling mei Amerikaanske oerheidsynstânsjes dy't it grutste part fan 'e tweintichste iuw yn beslach naam, krige de Little River Troep op 21 septimber 1994, tagelyk mei de Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen einlings en te'n lêsten syn federale erkenning werom, doe't presidint Bill Clinton it wetsfoarstel fan 'e Amerikaanske Senaat nû. 1357 ûndertekene en sa ta wet makke. Dêrby waard ek it nije Manistee Yndianereservaat oprjochte, dat lykwols folle lytser is as it oarspronklike reservaat. Yn 1997 krige de stamme dêrfoar troch de steat Michigan $13 miljoen oan skeafergoeding útbetelle.[1] Mei dat jild waarden pinsjoenen en stúdzjebeurzen foar de leden fan 'e stamme betelle.

Op 3 desimber 1998 sleat it steatsregear fan Michigan (yn 'e persoan fan gûverneur John Engler) in oerienkomst mei de Little River Troep, wêrby't de steat tasei en stean kânsspullen ta op it grûngebiet fan it Manistee Reservaat, nettsjinsteande dat dêrop yn 'e rest fan 'e steat in ferbod fan krêft is. Ornaris is it sa dat reservaatlân dochs al net ûnder steatswetjouwing falt, en sokke steatsferbodden op it organisearjen fan kânsspullen dêr net jilde. Mar dat is inkeld sa by reservaten dy't al bestiene doe't yn 1988 de Wet op 'e Regulaasje fan Yndiaanske Kânsspullen oannommen waard. Jongere reservaten, lykas Manistee, falle dêr dus net ûnder. Neitiid hat de Little River Troep in eigen kasino, it Little River Casino and Resort op reservaatgrûn sette litten. De winst dy't de stamme dêrmei makket, wurdt bestege oan ekonomyske ûntwikkeling en it wolwêzen fan 'e leden.

Demografy

Neffens gegevens út july 2015 hie de Little River Troep fan Ottawa Yndianen doe 4.232 leden. Dat binne etnyske Ottawa (of Odawa), in folk dat fan âlds in Algonkwynske taal sprekt en nau besibbe is oan 'e Odjibwe (Ojibwe of Chippewa), dy't ek yn it gebiet fan 'e Grutte Marren libje.

Der binne fjouwer federaal erkende Ottawa-stammen yn 'e Feriene Steaten. Njonken de Little River Troep binne dat de Grand Traverse Troep fan Ottawa en Tsjippewa Yndianen fan Michigan, de Little Traverse Bay Troepen fan Odawa Yndianen en de Ottawa Stamme fan Oklahoma. Dêropta hawwe de Ottawa ek ferskate stamme-organisaasjes yn Kanada (dy't dêr first nations, "earste naasjes", neamd wurde).

Bestjoer

De Little River Troep hat syn eigen grûnwetlik regear, dat út in útfierende, in wetjaande en in rjochterlike macht bestiet. De wetjaande macht leit by de út njoggen leden besteande wetjaande rie en in ogimaa ("opperhaad"), dy't beide keazen wurde troch de leden fan 'e stamme by mei regelmjittige tuskenskoften holden ferkiezings. It regear fan 'e stamme bestiet út 28 ûnderskate departeminten, dy't har dwaande hâlde mei alle programma's en oare oangelegenheden dy't nedich binne om in modern stamregear te runnen. Sûnt jannewaris 1994 jout de Little River Troep ien kear yn 'e moanne ek in eigen krante út, mei as namme Currents ("Streamings").

Reservaat

De Little River Troep beskikt oer in eigen reservaat, it Manistee Yndianereservaat, dat bestiet sûnt 1994. Dat leit oan 'e noardwestkust fan Neder-Michigan, en bestiet út guon fersprate perselen yn Manistee County en it oangrinzgjende Mason County. Der binne gjin gegevens beskikber oangeande it oerflak fan it reservaat. De stamme hat syn haadkertier yn 'e stêd Manistee, bûten it eigentlike reservaat. It oarspronklike Manistee Reservaat, dat yn 1836 stifte waard, besloech sa'n 70.000 acres (283,4 km²).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Braciszeski, Kevin, Tribal leaders pleased with long-awaited compensation for land, yn: de Ludington Daily News, 5 desimber 1997.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.