Litium (Li) | ||||||||||||||||
Litium yn parafine | ||||||||||||||||
Algemien | ||||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| ||||||||||||||||
Gemyske eigenskippen | ||||||||||||||||
| ||||||||||||||||
Natuerwittenskiplike eigenskippen | ||||||||||||||||
| ||||||||||||||||
Periodyk systeem |
Litium is in gemysk elemint mei symboal Li en atoomnûmer 3. It is in sulverwyt alkalimetaal.
Untdekking
Litium waard yn 1817 ûntdutsen troch Johan Arfwedson. Hy ûntduts it elemint ûnder it ûndersykjen fan mineralen dy't ôfkomstich wiene fan it Sweedske eilân Utö. De namme litium is opmakke út it Grykske wurd lithos, dat stien betsjut, om't alle eardere alkalimetalen yn planten fûn wienen.
Medisyn
Litium wurdt yn de foarm fan litiumkarbonaat en litiumsitraat yn medisinen tsjin ûnder oaren bipolêre steurnis brûkt.
Keppeling om utens
- Wikiwurdboek-side - litium
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.