Listowel
Kastiel Listowel
Kastiel Listowel
Polityk
LânIerlân
ProvinsjeMunster
GreefskipKerry
Sifers
Ynwennertal4.338 (2006)
Oerflak33 km²
Befolkingsticht./ km²
Hichte27 m

Listowel is in plak yn it Ierske greefskip Kerry. Listowel leit oan de noardigge fan de rivier Feale.

Geografy

Listowel leit oan de N69 tusken Tarbert en Tralee. Bus Éireann fersoarget deistige ferbinings mei Tralee, Cork en Limerick. It tichtsbylizzend spoarstasjon is yn Tralee.

Listowel hie destyds in eigen spoarstasjon oan in breedspoar tusken Tralee en Limerick. Yn 1963 gie de line ticht foar reizgersferfier en yn 1978 foar frachtferfier. Yn 1988 waard it spoar opbrutsen. It stasjonsgebou yn Listowel bleau bewarre en is no partikulier eigendom.

Listowel leit oan de noardigge fan de rivier Feale.

Ut de skiednis

Listowel wurdt foar it earst neamd yn 1303 (yn de saneamde Plea Roll).

Yn 1888 waard tusken Listowel en Ballybunion de Listowel Ballybunion Railway iepene, de earste kommersjele monorail yn de wrâld. Der waard fracht en reizgers ferfierd. De spoarline waard troch Charles Lartigue boud. Sûnt 2001 hat Listowel in fêste útstalling oer de histoaryske spoarline.

De ruïne fan Listowel Castle út de 15e iuw waard fannijs boud en is no in toeristyske attraksje.

<

Kultuer

Yn it ramt fan it grutte literatuerfestival, de Listowel Writers' Week,[1] dy't alle jierren yn de maitiid yn Listowel syn beslacdh kreit, wurdt de Kerry Group Irish Fiction Award útrikt.

Partnerstêden

Berne yn Listowel

  • John B. Keane (1928), dichter en skriuwer
  • Bryan McMahon, skriuwer
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Listowel Writers' Week
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.