Dit is de list fan keningen Kastylje. Hjirby binne sawol de hearskers oer it Keninkryk Kastylje (1065-1230) as oer de Kroan fan Kastylje (1230-1715) opnommen. Om't it Keninkryk Kastylje foarôfgeande oan syn ûnôfhinklikheid ta it Keninkryk Leön hearde, giet de telling fan 'e Kastyljaanske keningen fierder dêr't dy fan 'e Leöneeske keningen opholden is. Sa kin it dus dat de earste kening fan it ûnôfhinklike Keninkryk Kastylje Sancho II wie, en net 'Sancho I' neamd waard.
namme | regearperioade | opmerkings: | |
1037 – 1126 | Hûs Jiménez | ||
Ferdinand I | 1037 – 1065 | (kening fan Leön en Kastylje, yn dy tiid ien feriene steat) | |
Sancho II de Sterke | 1065 – 1072 | (de earste kening fan it ûnôfhinklike Keninkryk Kastylje) | |
Alfûns VI de Dappere | 1071 – 1109 | ||
Urraka de Dryste | 1109 – 1126 | ||
1126 – 1366 | Hûs Ivrea | ||
Alfûns VII | 1126 – 1157 | ||
Sancho III | 1157 – 1158 | ||
Alfûns VIII de Nommele | 1158 – 1214 | ||
Hindrik I | 1214 – 1217 | ||
Berengaria | 1217 – 1217 | (regearre fan juny oant en mei augustus) | |
Ferdinand III de Hillige | 1217 – 1252 | (feriene yn 1230 de keninkriken Kastylje en Leön, wêrmei't in nij ryk, de Kroan fan Kastylje, ûntstie) | |
Alfûns X de Wize | 1252 – 1284 | ||
Sancho IV de Dappere | 1284 – 1295 | ||
Ferdinand IV de Untbeane | 1295 – 1312 | ||
Alfûns XI | 1312 – 1350 | ||
Piter | 1350 – 1366 | (earste regearperioade) | |
1366 – 1367 | Hûs Trastamara | ||
Hindrik II | 1366 – 1367 | (earste regearperioade) | |
1367 – 1369 | Hûs Ivrea | ||
Piter | 1367 – 1369 | (twadde regearperioade) | |
1369 – 1506 | Hûs Trastamara | ||
Hindrik II | 1369 – 1379 | (twadde regearperioade) | |
Jehan I | 1379 – 1390 | ||
Hindrik III | 1390 – 1406 | ||
Jehan II | 1406 – 1454 | ||
Hindrik IV de Unmachtige | 1454 – 1474 | ||
Isabella I de Katolike | 1474 – 1504 | (regearre fan 1475 ôf tegearre mei har man Ferdinand) | |
Ferdinand V de Katolike | 1475 – 1504 | (regearre tegearre mei syn frou Isabella; ek, as Ferdinand II, kening fan Aragon) | |
Jehanna de Sljochtsinnige | 1504 – 1555 | (nei 1506 ferfallen ta sljochtsinnigens en inkeld noch yn namme keninginne) | |
1504 – 1516 | Hûs Habsburch | ||
Filips I de Skiene | 1506 – 1506 | (regearre fan july oant septimber) | |
Ferdinand V de Katolike | 1506 – 1516 | (as regint foar syn sljochtsinnige dochter Jehanna en syn minderjierrige pakesizzer Karel) | |
Karel I | 1516 – 1556 | (better bekend as Karel V; fan 1516 ôf wurdt der sprutsen fan it Keninkryk Spanje, en net mear fan Kastylje) | |
Filips II | 1556 – 1598 | ||
Filips III | 1598 – 1621 | ||
Filips IV | 1621 – 1665 | ||
Karel II de Behekste | 1665 – 1700 | ||
1700 – 1715 | Hûs Boerbon | ||
Filips V | 1700 – 1715 | (fierde yn 1715, oan 'e ein fan 'e Spaanske Súksesjeoarloch, in yngeande steatsherfoarming troch wêrby't de Kroan fan Kastylje ôfskaft waard en formeel opgie yn it Keninkryk Spanje) | |
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.