Dit is de list fan keningen fan Israel, sa't dy jûn wurdt yn 'e boeken 1 en 2 Samuël en 1 en 2 Keningen fan 'e Bibel. Oer de persize datearring bestiet in protte ûnienichheid; hjir binne de jiertallen oanholden sa't bibelhistoarikus E.R. Thiele dy jout. (Foar it meastepart binne dat deselde jiertallen dy't ek efteryn de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978 jûn wurde yn 'e taheakke Oersjoch fan de Bibelske Histoarje, oant by Jerobeäm II in typ- of printflater it spul dêr op 'e doele bringt.) Skeanprinte nammen jouwe in omstriden keningskip oan.
List fan Keningen fan it feriene keninkryk Israel
NAMME | PERIOADE | Opmerkings: |
foàr 1030 f.Kr. | predynastysk | |
Abimêlek | 1180 - 1177 f.Kr. | |
1030 - 1008 f.Kr. | Hûs fan Saul | |
Saul | 1030 - 1010 f.Kr. | |
Isjbosjet | 1010 - 1008 f.Kr. | |
1008 - 931 f.Kr. | Hûs fan David | |
David | 1008 - 970 f.Kr. | |
Salomo | 970 - 931 f.Kr. | |
Nei de dea fan Salomo skuorde it feriene keninkryk útinoar yn it noarderryk of tsienstammeryk Israel, dat it Hûs fan David ôfswarde, en it suderryk of twastammeryk Juda, dat ûnder it Hûs fan David bleau. Sjoch foar in opsomming fan 'e keningen fan Juda de list fan keningen fan Juda.
List fan Keningen fan it tsienstammeryk Israel
NAMME | PERIOADE | Opmerkings: |
931 - 909 f.Kr. | Hûs fan Jerobeäm | |
Jerobeäm I | 931 - 910 f.Kr. | |
Nadab | 910 - 909 f.Kr. | |
909 - 885 f.Kr. | Hûs fan Basa | |
Basa | 909 - 886 f.Kr. | |
Ela | 886 - 885 f.Kr. | |
885 f.Kr. | Hûs fan Simry | |
Simry | 885 f.Kr. | (regearre 7 dagen) |
885 - 841 f.Kr. | Hûs fan Omry | |
Omry | 885 - 874 f.Kr. | |
Achab | 874 - 853 f.Kr. | |
Achazja | 853 - 852 f.Kr. | |
Joaram | 852 - 841 f.Kr. | |
841 - 753 f.Kr. | Hûs fan Jehû | |
Jehû | 841 - 814 f.Kr. | |
Joächaz | 814 - 798 f.Kr. | |
Joäsj | 798 - 782 f.Kr. | |
Jerobeäm II | 782 - 753 f.Kr. | |
Sekarja | 753 f.Kr. | (regearre in healjier) |
752 f.Kr. | Hûs fan Sjallûm | |
Sjallûm | 752 f.Kr. | (regearre 1 moanne) |
752 - 740 f.Kr. | Hûs fan Menachem | |
Menachem | 752 - 742 f.Kr. | |
Pekachja | 742 - 740 f.Kr. | |
740 - 732 f.Kr. | Hûs fan Pêkach | |
Pêkach | 740 - 732 f.Kr. | |
732 - 722 f.Kr. | Hûs fan Hosjéa | |
Hosjéa | 732 - 722 f.Kr. | |
Yn 722 f.Kr. of dêromhinne waard Samaria, de haadstêd fan it tsienstammeryk Israel, ynnommen troch Salmanasser, de kening fan Assyrje. Hy smiet Hosjéa, de lêste Israelityske kening, yn it tichthús, en fierde (in wichtich part fan) de Israeliten yn ballingskip fuort nei Assyrje. Israel waard dêrnei ta in Assyryske provinsje.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|