Dit is de list fan keningen en keninginnen fan Grut-Brittanje, dat yn 1707 ûntstie doe't it foartiid selsstannige Keninkryk Ingelân en Keninkryk Skotlân gearfoege waarden troch de Act of Union. Yn 'e achttjinde iuw wiene de keningen en keninginnen fan Grut-Brittanje fia in personele uny tagelyk kening of keninginne fan Ierlân, mar yn 1801 gie ek dat keninkryk, troch in nije Act of Union, op yn it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân.
namme | perioade | dynasty | opmerkings | oarehelte | ||
---|---|---|---|---|---|---|
Anne | 1707 - 1714 | Stuart | George fan Denemark | |||
George I | 1714 - 1727 | Hannover | (teffens karfoarst fan Hannover) | Sofia Doroteä fan Celle | ||
George II | 1727 - 1760 | Hannover | (teffens karfoarst fan Hannover) | Karoline fan Brandenburch-Ansbach | ||
George III | 1760 - 1820 | Hannover | (teffens karfoarst fan Hannover; waard sljochtsinnich en moast it regear út 'e hannen nommen wurde) | Charlotte fan Meklenburch-Strelitz | ||
1811 - 1820 | regintskip fan kroanprins George | |||||
George IV | 1820 - 1830 | Hannover | (teffens karfoarst fan Hannover) | Karoline fan Breunswyk | ||
Willem IV | 1830 - 1837 | Hannover | (teffens karfoarst fan Hannover) | Adelheid fan Saksen-Meiningen | ||
Fiktoaria | 1837 - 1901 | Hannover | Albert fan Saksen-Coburg en Gotha | |||
Edwert VII | 1901 - 1910 | Saksen-Coburg-Gotha | Aleksandra fan Denemark | |||
George V | 1910 - 1936 | Windsor | (feroare de namme fan syn hûs yn 1917 yn Windsor, fanwegen de anty-Dútske gefoelens yn 'e Earste Wrâldoarloch) | Fiktoaria Marije fan Teck | ||
Edwert VIII | 1936 | Windsor | (die ôfstân fan 'e troan om trouwe te kinnen mei de skieden Amerikaanske Wallis Simpson) | Wallis Simpson | ||
George VI | 1936 - 1952 | Windsor | Elizabeth Bowes-Lyon | |||
Elizabeth II | 1952 - 2022 | Windsor | Philip, hartoch fan Edinburgh | |||
Charles III | 2022 - no | Windsor | Camilla Parker Bowles |
Sjoch ek
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.