Lippenhuzen | ||
Wettertoer | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Opsterlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.320 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 16,15 km², wêrfan: - lân: 16,06 - wetter: 0,93 km² | |
Befolkingsticht. | 83 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 1' N 6° 5' E | |
Lokaasje Lippenhuzen (grien) yn 'e gemeente Opsterlân | ||
Offisjele webside | ||
www.lippenhuizeneen.nl | ||
Kaart | ||
Lippenhuzen is in doarp noardeast fan Gordyk yn de gemeente Opsterlân. Under Lippenhuzen falle ek de buorskippen Hoannebuorren, Foksebuorren en it grutste part fan Welgelegen. Yn it noardlike diel fan it doarpsgebiet leit de Liphústerheide.
Lippenhuzen hat 1.320 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Namme
Yn 1315 waard it plak as Luppingahusum foar it earst neamd. Dêrnei folgen fariaasjes lykas Leppingahwyssen (1512), Leppenhuysen (1543), Lepehusen (1622), Lippenhuyse. (kaart út 1700). Hiele oare oantsjuttings ferskine sûnt 1505: Kobunderhuysum, Coebunderhuysen (op 16e-iuwske kaarten), Kabunderhuizen (kaart út 1700) en in inkelde kear Cobunderhuizen (19e iuw).
It earste diel fan Lippenhuzen stamt fan de famyljenamme Luppinga. Neffens K.F. Gildemacher yn 'Friese Plaatsnamen' wie dy famyljenamme oan it begjin fan de 16e iuw mooglik yn it ferjit rekke en waard de namme doe mei de ljip assosjearre. In âlde Nederlânsktalige namme foar de ljip is kobunder en sa soe dan Kobunderhuysum ûntstien wêze kinne.[3]
Skiednis
De fynst fan dowestien fan de earste tsjerke fan Lippenhuzen rjochtfeardiget de oanname dat it doarp oarspronklik oardel kilometer noardliker fan it hjoeddeiske doarp lei. Dy tsjerke bestie yn alle gefallen al yn 1315, doe 't Lippenhuzen mei oare plakken út de omkriten neamd waard as besit fan it kleaster fan de Dútske Oarder yn Nes by Akkrum. Mooglik moast it doarp yn it earste fearn fan de 15e iuw ferhûzje nei in geunstiger plak, want doe wiene der plannen om in nije tsjerke te bouwen.[4]
Lippenhuzen wie eartiids in relatyf grut doarp. It hie oansjen, it wie grutter as De Gordyk en it hie in eigen rjochtskeamer. Oant 1800 waard troch de grytman en syn bysitters yn Lippenhuzen rjochtsprutsen. Beetstersweach die dat foar it noardlike diel fan it Alddjip, wylst Lippenhuzen de rest fan Opsterlân foar syn rekken naam. Yn 'e Frânske tiid waard Opsterlân yn fjouwer mairies ferdield, wêrfan Lippenhuzen der ien wie.[5]
De foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke wie in tsjerke sûnder toer en hie in klokkestoel mei twa klokken. It oarspronklik oan Sint-Piter wijde goatyske tsjerkje waard yn 1743 ferfongen troch in nije tsjerke yn 'e styl fan de tsjerke fan it oanbuorjende doarp De Himrik. De turfwinning wie doe al útein set en dat makke dat der jild wie foar in nij tsjerkegebou. Yn 1860 waard de hjoeddeiske tsjerke op de fûneminten fan syn foargonger boud. De 17e-iuwske preekstoel datearret noch út de âlde goatyske tsjerke.
Begjin 18e iuw waard de Skoatterlânske Kompanjonsfeart oanlein om de turf ôf te fieren. De tsjintwurdige turfrûte ferbynt it doarp mei Terwispel, De Himrik en De Gordyk. Yn de 18e iuw waard der besuden it doarp in soad bokweet ferboud. Yn it doarpswapen wurde de turffearten en de bokweetkerrels symbolisearre.
Sûnt 1911 rûn de tram fan de NTM troch de Buorren fan Lippenhuzen. De line rûn oant Easterwâlde en waard letter trochlutsen nei Stienwyk en Assen. Oant 1947 waarden passazjiers en fracht ferfierd, dêrnei oant de opheffing fan de line yn 1962 allinne noch fracht tusken De Gordyk en Stienwyk.
Oan de eastkant fan De Buorren foarmet sûnt 1932 de wettertoer it hichtepunt fan it doarp, in yn ekspresjonistyske styl boud mânsk bouwurk. By de ûnderkant fan de ommanteling fan it reservoir kraget it mitselwurk fan de skacht der yn in dûbele beweging út om de hoeken op te fangen. De foarm fan de toer feroaret dan yn in achtkantich systeem. De lizzende finsters krigen op de hoeken mitsele silinderkes: art déko- ornamintyk.
Nei de Twadde Wrâldoarloch fûn doarpsútwreiding oan de súdlike kant fan De Buorren plak. Begjin jierren 1990 is de doarpsútwreiding fan it plan "Lippenhuzen-East" folboud. It doarp fierde yn 2016 it 700-jierrich jubileum.[6]
Mienskip
Op 25 maaie 2018 waard it Konbunderhûs iepene. Yn it multyfunskjonele sintrum fûnen de iepenbiere basisskoalle De Flecht, it doarpshûs De Mande, de fuotbalferiening en de pjutteopfang It Berneplakje in ûnderdak. De Harker is de doarpskrante fan Lippenhuzen. De buertsuper moast yn 2021 de doarren slute.[7] Yn juny wurdt meast it doarpsfeest holden.
Tsjerke
- De Wikipedy hat ek in side Pitertsjerke (Lippenhuzen).
Ferienings
It doarp hat ferskillende buertferienings.
- De Mande
- Koar Melomania
- Froulju fan no
- Fuotbalferiening THOR
- Jongerenwurk Lippenhuzen
- Keatsferiening Tusken de Flatsen
- Spikerpakkenband
- Stifting Pitertsjerke Lippenhuzen
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Befolkingsferrin
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2005 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1002 | 1307 | 1214 | 1150 | 1094 | 1115 | 1321 |
Jier | 2015 | 2020 | |||||
Ynwenners | 1358 | 1290 |
Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2015 en 2020: Alle Cijfers. Oare jierren sûnder boarnefermelding oernommen fan de besteande ynformaasje yn it artikel)
Berne yn Lippenhuzen
- Reinoudina de Goeje (pseudonym Agatha; 1833-1893), berneboekeskriuwster
- Evert Zandstra (1897-1974), skriuwer
- Klaas Bouma (1914-1944), skilder
- Foppe de Haan (1943), fuotbaltrener
- Mindert Wijnstra (1945-2020), skriuwer
Ferskaat
- Tusken 1639 en 1832 stie foar de pleats fan de Bûtewei 22 oer in nôtmûne.[8] Oan de Kompanjonsfeart west fan de Buorsterwyk stie sûnt 1860 in houtseachmûne, dy't yn 1864 ôfbaarnde.[9]
- Noardwestlik fan it doarp stiet oan de ferbiningswei mei Beetstersweach, de Sweachsterwei, in út likernôch 1860 datearjend tolhûs.
Strjitten
't Corso, Boerestreek, Bûkenhage, Buorsterwyk, Bûtewei, Kompanjonsfeart, De Buorren, Dotterblom, Feestlân, Heidereed, Kobunderleantsje, Marten Janswei, Omgong, Pompeblêd, Rjochtskeamerpaad, Singel, Slûsleane, Swanneblom, Sweachsterwei, Tjalling Harkeswei, Trijehoek, Weme, Welgelegen.
Sjoch ek
Publikaasje(s)
Wytse van der Sluis en Fokko Bosker "Van Ljuppingahuzum tot Lippenhuizen"
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Opsterlân | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Bakkefean • Beetstersweach • Fryske Peallen • De Gordyk • De Himrik • Jonkerslân • Langsweagen • Lippenhuzen • Lúkswâld • Nij Beets • Oerterp • Olterterp • Sigerswâld • Terwispel • De Tynje • Wynjewâld | ||
Buorskippen: Ald Beets • Allardseach (foar in part) • It Foarwurk • Foksebuorren • De Hanebuert • Hanebuorren • Heidehuzen • Himrikerferlaat • Koartsweagen • Lyts Grins • Moskou (foar in part) • Nije Feart • Oerterp oan de Feart • Petersburch • Selmien • Sparjeburd • De Ulesprong • Weinterpferlaat • De Wyngaarden | ||
wizigje |