Liphústerheide | ||
De Ald Hearrewei rint troch de Liphústerheide | ||
lokaasje | ||
neiste plak | Lippenhuzen | |
oare ynformaasje | ||
oerflak | 21 ha | |
behear | It Fryske Gea | |
webside | It Fryske Gea |
De Liphústerheide is in grut heidegebiet yn Opsterlân, benoarden Lippenhuzen en besuden it Alddjip. Foar it meastepart is it yn hannen fan de famylje Fan Harinxma/d’Assembourg. Sûnt 1958 is oan de eastkant in strook lân besit fan It Fryske Gea.
It heidegebiet is begroeid mei skrobberheide, in soarte dy’t fan wiete grûn hâldt. Heide is der ek te finen. Op drûge plakken groeit beikeheide en stikelbrem. Ek it skieppeklokje is hjir en dêr te finen: dêr soe it Gintsiaanblaujurkje fan profitearje kinne. Yn it natuergebiet is it wetterpeil konstanter wurden. Dêrtroch is it allegear wat wieter wurden. It terrein wurdt plagge. De wiete heide is in ideale omjouwing foar de gewoane podde, de griene kikkert, de heidekikkert, de brune kikkert, de ringslang en de njirre.
Galery heide
- Heide
- Skieppeklokje
- Njirre
- Jonge ringslang yn it wetter
- Liphústerheide