De Liparyske of Eoalyske Eilannen (Italjaansk: Isole Lipari of Isole Eolie, Sisyljaansk: Ìsuli Eolî) binne in groep eilannen, dy't noardlik fan Sisylje yn de Tyrreenske See lizze. It is in populêre fakânsjebestimming dêr't jierliks sa'n 200.000 toeristen komme. It grutste eilân is Lipary.
Eilannen
Ta de eilannegroep hearre:
- Lipary (37.6 km2)
- Salina (27 km2)
- Fulkano (21 km2)
- Stromboly (12.6 km2)
- Filikudy (9.5 km2)
- Alikudy (5.2 km2)
- Panarea (3.4 km2)
Bestjoerlik sjoen hearre alle eilannen ta de provinsje Messina.
Fotogalery
- Utsjoch op Fulkano, Lipary leit yn 't midden, Salina links en Panarea rjochts
- Haven en boarchberch fan Lipary
- Stromboly
- Sinne-ûndergong op Alikudy
Keppeling om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.