In line-up, soms ek skreaun as lineup, en útsprutsen as [la:inœp], "laainup", is in lienwurd út it Ingelsk dat ferwiist nei in rige mei in beskate folchoarder. Dizze term wurdt almeast brûkt foar de muzikanten en bands dy't optrede op in muzykfestival. Ek is it mooglik dat dermei ferwiist wurdt nei de opstelling fan in sporttiim, of yn it honkbal spesifyk nei de folchoarder fan 'e slachlju.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Waddell, Ray D.; Barnet, Rich; en Berry, Jake, This Business of Concert Promotion and Touring: A Practical Guide to Creating, Selling, Organizing, and Staging Concerts, New York, 2010 (Billboard Books), ISBN 978-0 30 78 75 006, s. 121.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.