Limburchsk Lân- en Túnboubûn Limburgse Land- en Tuinbouwbond | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | LLTB | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | belangeferiening wurkjouwersorganisaasje | |
wurkmêd | lân- en túnbou | |
haadkertier | Roermond (Limburch) | |
oprjochte | 1896 | |
tal leden | 3.600 (2014) | |
aktyf yn | Limburch | |
offisjele webside | ||
www.lltb.nl |
It Limburchsk Lân- en Túnboubûn (Nederlânsk en offisjeel: Limburgse Land- en Tuinbouwbond), gauris ôfkoarte ta LLTB, is in Nederlânske regionale ûndernimmers- en wurkjouwersorganisaasje foar de agraryske sektor en de túnbou.[1] Dizze belangeferiening is aktyf yn 'e provinsje Limburch.[1] Mei LTO Noard en de ZLTO is it ien fan 'e trije regionale dielorganisaasjes fan LTO Nederlân.[2] It haadkantoar fan it LLTB is fêstige yn it eardere Ursulinekleaster en it Lânbouhûs yn Roermond.[1] Yn 2014 makke it LLTB melding fan in "frijwol stabyl" oantal fan 3.600 leden.[3]
Skiednis
It LLTB waard oprjochte yn 1896[1] en is feitliks it iennichste oerbleaune provinsjale boerebûn yn Nederlân.[4]
Aktiviteiten
It LLTB fertsjintwurdiget de hiele agraryske sektor yn Limburch, ynklusyf bou, túnbou, boskbou, melkfeehâlderij, skieppehâlderij, geitehâlderij, bargehâlderij, plomfeehâlderij en hynstehâlderij.[1] It LLTB stiet syn leden mei ried en died by op it mêd fan û.m. bistewolwêzen, hygiêne, dongferwurking, bistefieding, arbeidsomstannichheden, lânskipsbehear en it miljeu.[1]
Dêrnjonken is it LLTB ek aktyf op it mêd fan soarchbuorkerijen (fia de Koöperaasje Limburchske Soarchboeren) en it natoerbehear troch boeren (fia Natoerryk Limburch).[1] It agrarysk advysburo Arvalis is in dochterûndernimming fan it LLTB mei fêstigings yn Roermond, Fenlo, Nuth en Deurne.[1]