Lily Carter
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Lili Carter, Lily B.
Navaeh Lee
echte nammeNicole Wood
nasjonaliteit Amerikaansk
berne15 april 1990
berteplakYoncalla (Oregon)
etnisiteit Iersk
Ingelsk
wurkpaad
wurksum asneakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf2010 – no
offisjele webside
lilycarter.com

Lily Carter, echte namme: Nicole Wood (Yoncalla (Oregon), 15 april 1990), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Iersk-Ingelsk etnysk komôf. Har hjoeddeiske skûlnamme wurdt ek wol (mis)stavere as Lili Carter, en hja hat yn it ferline ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Lily B. en Navaeh Lee. Carter sette yn 2010 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en is dêrmei tige súksesfol. Yn 2013 wûn se sawol de AVN Award, de XRCO Award as de Xbiz Award yn 'e kategory bêste aktrise.

Libben en karriêre

Carter waard yn 1990 berne yn Yoncalla, yn 'e Amerikaanske steat Oregon. Yn 2010, doe't se tweintich jier wie, sette se útein mei in karriêre as webcamgirl wêrby't se solosekssênes die. Dêrby wurke se earst ûnder de skûlnamme Naveah Lee, mar naam se letter de skûlnamme Lily Carter oan. Dy basearre se op 'e namme fan mainstream-aktrise Lynda Carter, dy't yn 'e 1970-er jierren ferneamd waard yn 'e rol fan 'e superheldinne Wonder Woman.

Nei ferrin fan tiid begûn Carter ek lesbyske sênes te dwaan, en dêrnei folgen sênes mei manlike akteurs, hoewol't se úthâldt dat se eins lesbiënne is. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt 2010 yn mear as 180 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Jules Jordan Video, Elegant Angel, New Sensations, Digital Sin, Devil's Film, Wicked Pictures, Evil Angel, Diabolic Video en Red Light District.

Dêrnjonken hat Carter ek wol yn 't spier west foar minder bekende studio's, lykas Pure Play Media, West Coast Productions, Mile High Media, Girlfriends Films en Third Degree Films. Ek hat se in protte wurke foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers, Naughty America, BlacksOnBlondes en Muffia. Yn 2013 wûn Carter de AVN Award (de Oscar fan 'e pornowrâld) yn 'e kategory bêste aktrise, foar har rol yn 'e film Wasteland. Foar dyselde rol wûn ek XRCO Award en de Xbiz Award foar bêste aktrise. Carter har leafhawwerijen binne kuierjen, tennis en lêzen.

Lichemsskaaimerken

Lily Carter is blank, mei blauwe eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m lang, mei in gewicht fan 47 kg, en in natuerlike kupmaat 32B. Se hat gjin piercings, mar wol twa tatoeaazjes fan stjerren op har ûnderbúk, tusken har nâle en har fagina yn.

Prizen en nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2012 AVN Award nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Skin Diamond en Criss Strokes) Slut Puppies 5
nominearre bêste nije stjer n.f.t.
Los Angeles International
Underground Film Festival Award
wûn bêste aktrise Wasteland
XRCO Award nominearre bêste nije stjer n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Skin Diamond) Interracial Lesbian Romance
nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Lily Labeau) Wasteland
nominearre bêste lesbyske groepsekssêne(mei Bree Daniels, Zoey Holloway en Prinzzess) Please Make Me Lesbian! 7
nominearre bêste orale sekssêne (mei Lily Labeau) Wasteland
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Erik Everhard) Sport Fucking 9
nominearre bêste POV-sekssêne (mei Riley Reid en Jules Jordan) Ultimate Fuck Toy: Riley Reid
nominearre bêste anale sekssêne (mei Mick Blue) Best New Starlets 2012
nominearre bêste triosekssêne (f/f/m) (mei Eva Angelina en Mick Blue) Evalutionary 2
nominearre bêste triosekssêne (f/m/m) (mei Jon Jon en Prince Yahshua) Lily Carter Is Irresistable
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Mick Blue en Ramón Nomar) Lily Carter Is Irresistable
nominearre bêste groepsekssêne (mei Lily Labeau, Mick Blue, David Perry, Ramón Nomar en Toni Ribas) n.f.t.
nominearre froulike artyst fan it jier n.f.t.
wûn bêste aktrise Wasteland
Xbiz Award nominearre froulike artyst fan it jier n.f.t.
wûn bêste sekssêne yn in feature-film (mei Lily Labeau, Mick Blue, Ramón Nomar, David Perry en Toni Ribas) n.f.t.
wûn bêste aktrise (dield mei Lily Labeau) Wasteland
XCritic Fans Choice Award wûn bêste aktrise Wasteland
XRCO Award nominearre froulike artyst fan it jier n.f.t.
wûn bêste aktrise Wasteland
wûn wiete dream (cream dream) n.f.t.
2014 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Molly Bennett) Meow! 3
nominearre bêste groepsekssêne (mei Bill Bailey, James Deen, Erik Everhard, Alex Gonz, Jon Jon, Ramón Nomar en Toni Ribas) Performers of the Year 2013

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.