De Likenis fan de Barmhertige Samaritaan is in ferhaal dat yn it Nije Testamint dien wurdt troch Jezus. It stiet yn it evangeelje fan Lukas yn haadstik 10:25-36.
Oanlieding fan it fertellen fan de likenis is de fraach fan in wetgelearde wat er dwaan moat om it ivige libben te krijen. As't Jezus him freget wat de wet dêr oer te melden hat, andert de wetgelearde: Do silst de Heare leafhawwe mei hiel dyn hert en siele en boppedat dyn neiste leafhawwe lykas dy sels. Nei't Jezus him fertelt dat dat it goede andert is, ferget de wetgelearde Jezus wa't dan jins neiste is. It andert fan Jezus leit besletten yn de likenis dy't Er dêrnei fertelt.
It ferhaal fan de Barmhertige Samaritaan
Ienris waard der in man op 'e wei nei Jericho oerfallen en troch syn bedrigers neaken, ferroaid en healdea efter litten. Der kaam in preester lâns, mar de preester die krekt oft er it slachtoffer net seach en gyng der mei in bôge om hinne. Efkes letter kaam der in levyt, en krekt as de preester seach er de man wol lizzen, mar ek de levyt rûn gau troch. De tredde dy't kaam wie in Samaritaan. No koene Samaritanen en joaden net goed mei-inoar oer wei. Mar dochs hie dy Samaritaan it bot te dwaan mei de ferwûne man. Hy knibbele by him del, fersoarge him, sette him op syn ezel en brocht him nei in herberge. Dêr joech de Samaritaan de eigner fan de herberge jild foar de fersoarging fan de man en mocht dat te min wêze, dan soe er dat ferskil op de weromreis wol fergoedzje.
Oan it ein fan de likenis freget Jezus oan de wetgelearde: Wa fan dy trije manlju soe neffens jo no de neiste fan it slachtoffer wêze? Nei't de wetgelearde de Samaritaan dy't it slachtoffer holp as neiste neamt, seit Jezus: Dogge jo dan tenei lykas him.
Keppeling om utens
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De barmhertige Samaritaan fan Wikimedia Commons. |