In likebroer (ek wol konvers) is in kleasterling dy't wol de gelofte fan de oarder dêr't hy ta heart, ôflein hat mar sûnder klerikale wijingen en mei minder ferplichtings wat it koaroffysje oangiet. Sy wienen yn it earstoan muontsen dy't (meast) op lettere leeftyd yn it kleaster gongen en dy, omdat hja gien kennis fan it latynsk hienen en dêrtroch net geskikt foar de koartsjinst. De likebruorren waarden meastentiids ynset foar hânwurk of oare materiële en praktyske oangelegenheden te dwaan. Sa wurken se by Sistersjenzers benammen op de úthôven, de grutte pleatseftige fêstigingen fan wêrút men it kleasterlike grûnbesit bewurke en behearde.

Eartiids hienen se net aktyf en net passyf stimrjocht. Yn de lêste jierren krigen se yn in protte oarders en kongregaasjes aktyf en foar guon posten ek passyf stimrjocht. Doe't de kleasters yn de 15e iuw stadichoan de eigen eksploitaasje fan lân opjoegen, naam harren oantal gau ôf.

Konversen

In konvers (meartal: konversen of yn it Latyn: conversi = bekearden) is hjoed de dei in synonym foar likebroer wurden.

Oarspronklik wienen it tsjerklike boetelingen of sy dy't op lettere leeftyd yn it kleaster kamen. By de kamaldulenzen en letter ek de oare mûntsenoarders wienen it likebruorren sûnder geloften. Nei 1200 leinen se wol geloften ôf, mar dienen net mei oan it koargebed. Ek by de biddeloarders en yn it tsjerklik rjocht waard de namme synonym mei likebroer.

Se waarden brûkt foar it wrâldske en rûge wurk. Harren seden wiene dêrmei faak yn oerienstimming (fjochtsje!), sadat by de kleasterherfoarming yn de 15e iuw de konversen meastentiids ferdwûnen.

By de mûntsenoarders bestiet hjoed noch it stribjen oan it ynstitút fan de konversy nije ynhâld te jaan.

Bekende foarbylden

Willem van Saeftinghe, dy't meifocht yn de Goudenspoareslach fan 1302 wie in likebroer fan it kleaster Ter Doest. De likebruorren fan dizze abdij wienen benammen aktyf by it ynpolderjen fan gebieten oan de Noardsee, yn it destiidske Seelân, lykas Saeftinghe, mar ek yn it greefskip Flaanderen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Convers.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.