Tsjerke fan Liens
Ynterieur tsjerke fan Liens

Liens[1] (Nederlânsk en offisjeel: Leens; Grinslânsk: Lains) is in plak yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne) yn de provinsje Grinslân, Nederlân. Foar 1990 wie Liens in selsstannige gemeente, dy't yn dat jier gearfoege is mei de gemeenten Ulrum, Eenrum en Kloosterburen ta de gemeente Ulrum. Yn 1992 krige de nije gemeente de namme fan de krite, "De Marne". Fanôf 2019 heart it doarp by de gemeente It Hegelân. It doarp hat sa'n 1.800 ynwenners.

Eardere gemeente

De eardere gemeente Liens bestie neis it haadplak út de neikommende doarpen en buorskippen: Douwen, Ewer, Grijssloot, Grut Maarslach, Kattenburg, Lyts Maarslach, Menskewear, Roodehaan, Schouwen, 't Stort, Warfhuzen, Wehe-den Hoorn en Zuurdijk. It gemeentehuis stie yn Wehe-den Hoorn.

Skiednis

Leens leit op âlde kweldergrûn, dy't al yn de izertiid, tusken de 6e en 9e iuw f.Kr. bewenne rekke is, en dêr't in rige wierden op oanlein binne op in ouwerwâl. Leens leit mei Túnsterwierde, Wehe, De Houw, Ulrum en Elens op dy wâl. Sa't bliken dien hat is de Túnsterwierde in wichtich archeologysk fynplak.

It drûchmeitsjen en bedykjen fan de kwelders binne de Benediktiner muontsen mei útein set en it wurk is letter fuortset troch de wetterskippen. Yn it westlik part fan de Marne foarmen Liens, Ulrum en Vierhuizen in sylfest. It wetter waard losd troch de Houwersyl.

De tsjerke fan Liens is mei oare doarpstsjerken yn Noard Grinslân fanwegen Karel de Grutte stichte troch de preester Liudger. Ut in list fan pleatslike parochys fan it bisdom Munster is de grutte fan de doarpstsjerken te rekonstruearjen: om 1300 hinne wennen yn Liens al sa'n 2600 minsken. Nei de reformaasje dy't troch Maurits van Oranje krêftich trochset waard, bleau Liens ien fan de plakken mei in lytse katolike minderheid. De Petrustsjerke gie oer nei de Nederdúts Grifformearde Tsjerke (letter de Nederlânske Herfoarme Tsjerke). De katolieken moasten ýtwike nei skûltsjerken, faak wienen dy yn pleatsen. Yn de 19e iuw kaam Liens ûnder de parochy Wehe den Hoorn.

De Ofskieding yn de Nederlânske herfoarme Tsjerke, dêr't dûmny Hendrik de Cock út Ulrum yn 1834 mei begûn wie, rekke Liens ek. In grut part fan it herfoarme tsjerkefolk folge De Cock yn de simmer fan 1835. Nei de doleânsje (1886), ûnder lieding fan Abraham Kuyper, waard der yn Leens ek in gemeente fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân stifte.
De krústsjerke fan Liens is fan likernôch 1100, it skip is it âlste part. it dwersskip en it koar binne fan de iere 13e iuw. De oarspronklike sealdaktoer is yn 1863 ferfongen, mar in part fan it dowestiennen fûnemint is bewarre bleaun. "Stoulen, banken, stoulen, banken, zoo ludt groode klok van Lains...", sa begjint in gedicht fan de yn Leens berne dichter Willem ten Berge. De tsjerke is foaral bekend fanweg it oargel makke troch de ferneamde oargelbouwer Albertus Anthoni Hinsz.

Yn de 19e iuw wie der politike ûnrêst en ferset yn liberale en yntellektuele rûnten, ûnder oaren predikanten, yn de regio. De ekonomyske tebekgong yn de kontrei waard taskreaun oan hege belestingen. Petysjes by de Kening en de Gûverneur smieten neat op. Leens stie yn dy tiid, mei in ferwizing nei de Belgyske Opstân, fanwege de rebûlje in skoftke bekend as ‘Klein Brussel’. It Marnegebiet hie ek te lijen fan de lânboukrisis fan 1880 mei syn slimme priisdalingen op de wrâldmerk. It ynfieren stoommasines yn de lânbou en it brûken fan keunstdong soargen lang om let dat de boeren de krisis te boppe komme koenen.

De Marneline, dy't ek Liens oandie, waard op 1 april 1922 iepene en al wer sletten op 24 novimber 1940.

Rekreaasje

  • Troch Liens rint de Europeeske kuierroute E9, pleatslik North Sea Trail of Waad- en Wierdenpaad neamd. De E9 rint fan de Portegeeske kust nei de Baltyske steaten.
  • Yn Liens is it NatoerDochSintrum Ynsektewrâld (NatuurDoeCentrum Insektenwereld) festige.

Kultuer

  • Simmerdeis jouwe bekende oarganisten oargelkonserten op it Hinszoargel yn de Petrustsjerke.
  • De boarch Verhildersum, mei yn de tún bylden fan Eddy Roos.
  • Tichteby Verhildersum stiet it museum foar lânbou 'Welgelegen'.

Keunstners dy't yn Liens berne binne of wenne hawwe:

Oare bekende persoanen

  • Jan ten Berge S.J., misjonaris en fersetsstrider
  • Flip Buurmeijer, politikus
  • Petrus Fokkes Tammens, NSB-boargemaster fan Grins
  • Wiepke Harm Timersma, fersetsstrider
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.